Stedsgrêft (Snits): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st: '-lans' -> '-lâns'
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
 
== Súdrin ==
Fan [[de Kolk]] giet de stêdsgrêft ûnder de [[Lemmerbrêge|Lemmerdykbrêge]] troch nei it súdeasten, tusken de [[Rienck Bockemakade]] en de ''Balthuskade'' troch, en draait dan nei it noardeasten, tusken de ''Rienck Bockemakade'' en de ''Prinsegrêft'' nei de [[Wâldfeart (Súdwest-Fryslân)|Wâldfeart]]. Dit earste part, dat yn de folksmûle ''Prinsegrêft'' hjit nei de kade dêr't it bylâns rint, is groeven fan [[1492]] ôf, doe't de ''Nijstêd'' binnen de nije stêdwal brocht wurde moast.
 
Fan hjir rint it wetter fierder tusken de ''Harinxmakade'' en de ''Koopmansgrêft'', nei de [[Harinxmabrêge|Van Harinxmabrêge]], en dan fierder nei it ''Heablok''. Dit part is tagelyk mei it earste groeven, om in ferbining te meitsjen tusken de Nijstêd en de ''Easterdyk''.