Simmerrak: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
gw
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
 
Rigel 2:
It '''Simmerrak''' ([[Snitsersk]] en offisjeel: ''Somerrak'') is in feart yn de gemeente [[Súdwest-Fryslân]]. It is in wetter yn it eastlike part fan de stêd [[Snits (stêd)|Snits]] dat de [[Houkesleat]] ferbinet mei de [[Stêdsgrêft (Snits)|Stêdsgrêft]].
 
It Simmerrak begjint by it Finster, dêr't de [[Houkesleat]] yn it ferline troch it ''Sperkhim'' nei it súdwesten gong nei de [[Wâldfeart (Súdwest-Fryslân)|Wâldfeart]]. Op dit plak komt oan de noardkant ek it "Finstersleatsje" op it trochgeande wetter út. It Simmerrak rint dan nei it noardwesten oant it útkomt by de ''Toppenhústerbrêge'', dêr't it oanslút op de Stêdsgrêft en de [[Snitser Aldfeart|Aldfeart]].
 
Oan de iggen fan it Simmerrak is yn de jierren om 2000 hinne nijere, hegere appartemintebou delsetten, dy't de tagong ta it sintrum in hiel oar oansjen jout. Oan de súdkant is ein 20e iuw oer de hiele lingte in promenade oanlein, dy't nei it wetter fierderop ''Hoekesleatpromenade'' hjit, mei oanlis foar de willefeart.