Koerilen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
L red
Rigel 1:
[[File:Demis-kurils-russian names.png|right|thumb|300px|De Koerilen, mei yn read de (ferskowende) feitlike grins tusken [[Ruslân]] en [[Japan]].]]
De '''Koerilen''', ek wol stavere as '''Kûrilen''' en '''Kurilen''' ([[Japansk]]: クリル列島, ''Kuriru-rettō''; [[Russysk]]: Курильские Острова, ''Kuriljskije Ostrova''), binne in [[fulkaan|fulkanyske]] [[arsjipel|eilannegroep]] yn 'e foarm fan in keatling dy't him útstrekt oer in lingte fan likernôch 1.300 km, fan it [[Ruslân|Russyske]] [[skiereilân]] [[Kamtsjatka (skiereilân)|Kamtsjatka]], yn it [[Fiere Easten]] fan [[Sibearje]], oant it noardlike [[Japan]]ske [[eilân]] [[Hokkaido (eilân)|Hokkaido]]. De arsjipel bestiet út 56 eilannen en withoefolle lytsere, boppe de weagen útstekkende rotsen, mei in mienskiplik oerflak fan 10.503,2 km². Mei-inoar foarmet de eilannekeatling de skieding tusken de noardlike [[Stille Oseaan]] yn it easten en de [[See fan Ochotsk]] yn it westen. Om it besit fan 'e Koerilen wurdt al seker oardel iuw tsierd troch Ruslân en Japan.
__TOC__
 
==Skiednis==
De oarspronklike bewenners fan 'e Koerilen binne de [[Ainû (folk)|Ainû]], en de eilannen binne feitliks nei dat folk neamd, mei't ''kur'' yn it pleatslike [[Ainû (taal)|Ainû]]-[[dialekt]] "man" betsjut (wat dus de selsoantsjutting fan 'e eilânbewenners wie). Der binne frijwol gjin ferslaggen oer de eilannen dy't datearje fan foàr de [[santjinde iuw]], dat it is net mear nei te gean wannear't de Ainû har op 'e Koerilen nei wenjen set hawwe.