Foet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
st
L red
Rigel 1:
[[File:Human Feet - female - bruised.jpg|right|thumb|250px|De fuotten fan in [[minske]].]]
{{Oar|it ûnderste diel fan 'e skonk|foet (betsjuttingsside)}}
In '''foet''', by [[bisten]] almeast '''poat''' neamd, is by libbene wêzens in lichemsdiel dat oan 'e útein fan 'e [[skonk]] sit (al wurdt yn it [[Frysk]] ek de hiele skonk wol "foet" neamd). Fuotten hawwe as funksje om it gewicht fan it lichem te dragen en it lykwicht te behâlden by stân en fuortbeweging. By de [[minske]] bestiet de foet út in nei foarren ta rjochte útsteksel, dat fan boppen troch it [[ankelgewricht]] mei it fertikale diel fan 'e [[skonk]] ferbûn wurdt. De ûnderkant fan 'e foet hjit de [[soal (lichemsdiel)|soal]]. Rjocht ûnder it ankelgewricht sit de [[hakke]], wylst oan 'e útstykjende foarkant fan 'e foet fiif lytsere útsteksels sitte, de [[tean]]nen, dy't fan lofts nei rjochts of fan rjochts nei lofts (ôfhinklik fan 'e fraach oft it om 'e rjochter- of de lofterfoet giet) wat langer wat lytser wurde.