Ynspiraasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Ynspiraasje (keunst) omneamd ta Ynspiraasje: red
L red
 
Rigel 1:
{{Oar|de hommelse befleaning fan kreätiviteit|ynspiraasje (betsjuttingsside)}}
'''Ynspiraasje''' yn 'e kontekst fan 'e [[skiene keunsten]], ek wol '''artistike ynspiraasje''' neamd, is in ûnbewuste, hommelse befleaning fan [[kreätiviteit]] op it mêd fan bgl. de [[skilderkeunst]], [[byldhoukeunst]], [[literatuer]], [[dichtkeunst]], ensfh. It [[wurd]] 'ynspriraasje' komt fan it [[Latyn]]ske ''inspirare'', dat "[eat earne] ynazemje" bestjut. Dit konsept hat syn woartels yn 'e [[Grikelân|Grykske]] [[filosofy]]. De [[Grykske Aldheid|Alde Griken]] mienden dat sokke ynspiraasje jin troch de [[muze]]n ynjûn waard, of oars troch de [[goaden]] [[Apollo (god)|Apollo]] of [[Dionysus]]. Krektlyk learde it [[Noardske heidendom]] dat artistike ynspiraasje fan goaden as [[Odin]] en [[Bragi]] kaam. Ek yn it [[joadendom]] komt ynspiraasje út in [[god]]like boarne. It bibelboek ''[[Amos (bibelboek)|Amos]]'' ferhellet bgl. hoe't de [[profeet]] [[Amos (profeet)|Amos]] oerweldige wurdt troch de [[stim]] fan [[God (monoteïsme)|God]] en dêrtroch net oars kin as te [[profetearjen]]. Yn 'e [[kristlik]]e kontekst wurdt artistike ynspiraasje almeast sjoen as in jefte fan 'e [[Hillige Geast]].