Jamaika: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 32:
=== Lânskip ===
[[Ofbyld:Dunns River Falls climb.JPG|left|thumb|De pitoristyske [[Dunn's River Falls]].]]
It eilân Jamaika rint oer in lingte fan 235 km yn east-westlike rjochting. Yn it easten dominearje de [[fulkaan|fulkanyske]] "Blue Mountains" dêr't de westlike útrinners ticht beboske fan binne en trochsnien mei net tagonklike kleauwen. It gloaiende, troch [[karst (geografy)|karst]] oantaaste heechlân rint meastentiids steil ôf nei de kust.
 
De grutte stêden fan it lân, û.o. de haadstêd [[Kingston (Jamaika)|Kingston]], Portmore, Spanish Town, Mandeville, Ocho Ríos, Port Antonio, Negril, en Montego Bay lizze oan de kust. Kingston Harbour is ien fan de grutste natuerlike havens yn de wrâld. Oer it eilân ferspraat binne ferskate toeristyske attraksjes, te witten: [[Dunn's River Falls]] yn St. Ann, [[YS Falls]] yn St. Elizabeth, de Blue Lagoon yn Portland, en Port Royal. De moaie kusten lûke in protte badgasten.