Coevorden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 29:
 
== Skiednis ==
Op [[26 novimber]] [[944]] joech keizer [[Otto de Grutte]] it jachtrjocht yn de ''Pagus Trhriente'' oan biskop [[Balderik fan Utert]]. Dêrmei kaam it gebiet ûnder it bestjoer fan it [[Aartsbisdom Utert (roomsk-katolike Tsjerke)|Bisdom Utert]].
 
Coevorden lei strategysk op de rûte tusken [[Fryslân]] en [[Múnster]], dat it plak ta in woltierige fêstingsstêd makke. Biskop [[Hartbert fan Bierum]] stelde syn broer oan as boarchgreve fan Coevorden. Dy titel waard erflik. Nei it ferstjerren fan de biskop, waard de bining tusken it bisdom Utert en de Stêd en Hearlikheid Coevorden hieltyd minder sterk en dat late ta ferskate strideraasjes, wêrûnder de [[Slach by Ane]], dêr't biskop [[Otto fan Lippe, biskop fan Utert|Otto fan Lippe]] sneuvele, en de [[Frysk-Drintske Kriich]]. De Drinten, ûnder lieding fan [[Rudolf II fan Coevorden]], laten de earste oerwinnings, mar moasten yn de Slach by Peize belies jaan. Rudolf II fan Coevorden waard finzennaam, martele en fermoarde.