Tomas fan Kempen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 28:
[[Image:Zwolle Begraafplaats Bergklooster Monument Thomas a Kempis.jpg|thumb|left|190px|Monumint foar Tomas fan Kempen by de yngong fan it [[tsjerkhôf]] Berchkleaster yn [[Swol]].]]
 
Yn [[1392]] folge er syn broer Jan nei [[Dimter]] ta, yn it [[Oerstift]] fan it [[Aartsbisdom Utert (roomsk-katolike Tsjerke)bisdom Utert]], om dêr nei in heech oanskreaune [[Latynske skoalle]] te gean dy't troch [[mûnts]]en laat waard. Dêre kaam er yn 'e kunde mei de [[Bruorren fan it Miene Libben]], dy't folgelingen wiene fan 'e spirituële [[Moderne Devoasje]]-beweging fan [[Geert Groote]]. Tomas bleau oant [[1399]] op 'e skoalle yn Dimter.
 
Nei't er de skoalle ferlitten hie, ferfear Tomas nei [[Swol]] om dêr syn broer Jan wer op te sykjen, dy't dêr ûnderwilens [[prior]] fan it [[kleaster]] de Sint-Agnitenberch wurden wie. Dat wie in mienskip fan 'e [[Reguliere Kanunniken]] fan 'e [[Gemeente fan Windesheim]], dy't stifte wie troch de folgelingen fan Groote, dat se libje koene op in mear monastyske wize. Tomas sels trede dêr yn [[1406]] yn as [[kanunnik]], al waard er pas ta [[preester]] wijd [[1413]]. Hy ûntjoech him yn 'e Sint-Agnitenberch ta in warber kopiïst en [[skriuwer]], en [[1429]] waard er ta ûnderprior beneamd.