Hindrik de Hillige: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 7:
Oars as syn foargonger Otto III konsintrearre Hindrik II him op it ryksgebiet noardlik fan de [[Alpen]]. Hy fierde foaral ferskate kearen oarloch mei Poalen en gie mei tsjinsin trijeris nei Itaalje. Yn syn tiid kaam it ta in yntinsivearring fan it keningsbewâld. Fan binnenút makke Hindrik it ryk fêster troch neiere persoanlike en politike bannen mei de tsjerke. Troch skinkings en nije stiftings soarge hy derfoar dat de bisdommen fêste punten fan de keninklike macht waarden en krige hy dêr tsjinstbetoan foar werom. Hy besocht boppedat de keninklike macht fan it rykskleaster fuort te sterkjen, dat in part fan it ryksleger levere. Yn [[1007]] stifte hy in bisdom yn Bamberch.
 
Yn 1010 skonk hy Sillva Fulnaho (it [[wâld fan Vollenhove]]) oan it [[Aartsbisdom Utert (roomsk-katolike Tsjerke)bisdom Utert]]. Dat wie feitlik it begjin fan it Oersticht.
Hy rjochte in soad skoallen op, ferdigene de ryksgrinzen en die war om frede te stiftsjen en de tsjerke ta ûntwikkeling te bringen. Hindrik begûn oan de bou fan de katedraal fan Bazel. Op lettere âldens krige er in ferlamming. Alhoewol't er graag muonts wurde wold hie, bleau hy syn taak fean hearsker folbringen.