Jan Wuite: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf. fan nl:
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
 
== Libben en wurk ==
Jan Wuite wie in soan fan Jan Jans Wuite en Esther Geerts Pijlman. Wuite wurke nei de [[mulo]] ynearsten yn de [[feanterij]] fan syn famylje yn [[Vroomshoop]], mar fielde mear fan de lânbou. Hy studearre oan de [[Lânbouskoallelânbouskoalle]] yn [[Grins (stêd)|Grins]]. Dêrnei sette er útein mei in eigen lânboubedriuw en wie dêrneist ek maatskiplik wakker warber<ref>"J. Wuite Jzn. zestig jaar. Een verdienstelijk man voor den Landbouw." yn Algemeen Handelsblad, 7 maart 1937</ref>. Hy wie foarsitter fan de ''[[Friese Mij|Friese Maatschappij van Landbouw]]'' (1919-1930). Yn 1927, by gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan de Mij, waard er beneamd ta [[Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau]]. Teffens wie er ûnder oare sekretaris fan de Fryske [[VVV|Vereniging voor Vreemdelingenverkeer]].
 
Wuite wie lid fan [[Provinsjale Steaten fan Fryslân|Provinsjale Steaten]] fan 1919 ôf (oant ?) en lid fan [[Deputearre Steaten fan Fryslân|Deputearre Steaten]] fan Fryslân fan 6 july 1927 oant 15 oktober 1930. Neifolgjend waard er [[boargemaster]] fan [[Smellingerlân]] yn [[1930]]. Yn [[1941]] frege er om reden fan sûnens ûntslach oan.