Wenceslas Hollar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 23:
Hy waard berne yn [[Praach]] as soan fan in amtner yn in katolike húshâlding. Doe't er 20 jier wie ferliet er Praach om yn [[Frankfurt]] te studearjen by [[Matthäus Merian]], de ferneamdste koperstekker fan syn tiid. Syn earste boek mei etsen waard publisearre yn 1635 yn [[Keulen]]; hy wie doe 28 jier.
 
Yn 1637 ferfear er nei [[Ingelân]] ta dêr't er in grut part fan syn libben tahâlde soe. Yn 1645 gie er nei [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] fanwegen de boargeroarloch (1642-1645) yn Ingelân; hy bleau dêr oant yn 1652. Hy stoar yn [[Londen]], dêr't er beïerdige waard yn Saint Margaret's Church, [[City of Westminster|Westminster]].
 
Wenzel Hollar wie net allinne ien fan de bêste keunstners fan syn tiid, mar ek ien mei de grutste produksje. Syn tige sekuere, realisyske wurk beslacht om de 400 tekeningen en mear as 3000 [[ets]]en.