Julius Nepos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 12:
Yn namme wie Nepos keizer oer it hiele grûngebiet fan it eardere West-Romeinske ryk, mar feitlik hied er inkeld it bewâld oer de provinsjes [[Itaalje]], [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]] en parten fan it suden fan [[Galje]]. Hy besocht syn grûngebiet byinoar te hâlden en slagge dêr foar in part yn troch frede te sluten mei de [[Fisigoaten]] en harren kening [[Eurik]]. Hjirmei kearde Súd-Galje werom ûnder Romeinske kontrôle yn ruil foar inkele gebieten, dêr't Nepos toch al gjin sizzenskip mear oer hie. Underhannelings mei [[Geiserik]], de kening fan it [[Fandaalske ryk]] mislearre lykwols. De Fandalen bleauwen Itaalje oanfallen mei piratenskippen.
 
Nepos wie yn alle opsichten de meast bekwame fan de lêste West-Romeinske keizers, mar hy wie net bjuster populêr by de [[Senaat (Rome)|Senaat]]. De Senatoren hienen in hekel oan him, omdat er goeie relaasjes ûnderhâlde mei it East-Romeinske Ryk. Nepos makke ien grutte flater dy't syn ûndergong wurde soe, hy beneamde de net betroubere [[Orestes (Romeinsk politikus)|Orestes]] as oerbefelhawwer fan it leger.
 
=== Delgong ===