Westromeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 16:
== Ein fan it Westromeinske Ryk ==
[[Ofbyld:Ostrogothic Kingdom.png|thumb|It Ostrogoatyske ryk, boud op de resten fan it Westromeinske Ryk]]
De [[Skieren]], [[Herulen]] en [[Gepiden]] ferlearen yn 469 yn [[Pannoanje]] de [[Slach oan de Bolia]] tsjin de Ostrogoaten. De Skieren en Herulen flechten nei Itaalje ta en waarden dêr opnommen yn it Romeinske leger, dat doe benammen bestie út [[hierling]]en. Yn it leger makke [[Odoäker]] opgong en hy waard de militêre lieder fan de Germaanske ''[[foederaty]]''. De lêste keizer fan it Westromeinske Ryk wie [[Romulus Augustulus]]. De foargonger fan Romulus, keizer [[Julius Nepos]] wie troch Romulus syn heit [[Orestes (Romeinsk politikus)|Orestes]] fuortjeiefuortjage nei [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]], dêr't Nepos yn it jier 480 troch eigen soldaten fermoarde waard. Romulus wie noch mar in bern fan tsien jier âld, doe't er op [[30 oktober]] [[475]] troch syn heit [[Orestes]] op de keizerlike troan fan it Westromeinske Ryk setten waard. Yn it jier 476 waard Romulus Augustulus as lêste keizer ôfsetten troch [[Odoaker]], earste Germaanske kening fan Itaalje. De machtsoername fan Odoaker is winliken [[Fal fan it Westromeinske Ryk|de ein fan it Westromeinske Ryk]]. Mei it tanimmen fan syn macht ferlear Odoaker syn goede relaasje mei keizer [[Zeno]] fan it [[Eastromeinske Ryk]]. De keizer besocht om Odoaker fuort te krijen en stjoerde de kening fan de Ostrogoaten [[Diderik de Grutte]] nei it Italjaanske skiereilân. Under keizer Zeno wie Diderik de Grutte generaal en waard yn 484 beneamd ta konsul. Diderik de Grutte oermastere it Italjaanske skiereilân en stifte dêr syn Ostrogoatyske ryk.
 
[[Kategory:Romeinske Aldheid]]