Taoiseach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
Rigel 1:
[[File:Leo Varadkar 2016.jpg|right|thumb|160px|[[Leo Varadkar]] is anno [[2019]] de ''taoiseach'' fan [[Ierlân]].]]
'''''Taoiseach''''' ([[útspr.]]: ['ti:ʃəx], likernôch: "<u>tii</u>-sjuch"; {{Audio|Ga-Taoiseach.ogg|beharkje}}; [[meartal]]: ''taoisigh'') is de formele [[titel]] fan 'e [[premier]] en [[regear]]ingslieder fan 'e [[Republyk Ierlân]]. De ''taoiseach'' wurdt beneamd troch de [[presidint fan Ierlân]] op nominaasje fan 'e [[Dáil Éireann]], it [[legerhûs]] fan 'e [[Oireachtas]], it Ierske [[parlemint]]. Om yn syn [[amt (funksje)|amt]] te bliuwen, moat de ''taoiseach'' de stipe fan in mearderheid fan 'e leden fan 'e Dáil behâlde. As er dy stipe net hat, moat er syn amt dellizze.
 
It [[wurd]] ''taoiseach'' is [[Iersk]] en betsjut "haadman" of "lieder". It waard yn [[1937]] opnommen yn 'e [[Grûnwet fan Ierlân]] as de offisjele titel fan 'e premier. Hoewol't it in Iersktalich [[wurd]] is, moat it sawol yn it Iersk as yn it [[Ingelsk]] (de beide [[offisjele talen]] fan Ierlân) brûkt wurde. It is inkeld fan tapassing op 'e premier fan Ierlân en wurdt net (ek yn it Iersk net) brûkt foar premiers fan oare [[lân|lannen]]. Dy wurde nammentlik yn it Iersk oantsjut as ''príomh aire''.