Sprekwurd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''sprekwurd''' is in koarte, krêftige útspraak dy't in (folks)[[wiisheid]], in kollektive [[ûnderfining]] of in [[noarmen en wearden|morele]] opfetting werjout. Guon sprekwurden binne mei-inoar yn tsjinspraak. Sa binne der sprekwurden dy't oanfiterje ta [[dapperens]], wylst oaren krekt riede om foarsichtich te wêzen. In foarbyld is it [[Frysk]]e sprekwurd: "Jild moat rôlje, dêrom is it rûn." Mar der bestiet ek in sprekwurd dat krekt it [[tsjinstelde (taalkunde)|tsjinstelde]] seit: "Jild moatst op sitte, dêrom is it plat." Yn tsjinstelling ta in [[tiidwurd]]like [[útdrukking]], dy't nei it [[ûnderwerp (taalkunde)|ûnderwerp]] [[ferbûging (grammatika)|ferbûgd]] wurdt, brûkt men by in sprekwurd altyd persiid deselde formulearring. Faak besteane sprekwurden út twa dielen, wêrby't it earste diel in oarsaak of betingst beskriuwt, en it twadde diel in gefolch of konklúzje. De [[wittenskiplik]]e stúdzje fan sprekwurden is de [[paremiology]].
 
Der besteande ferskate [[sprekwurdboek]]en dêr't sprekwurden yn sammele en ferklearre wurde. Al yn [[1480]] waard der yn 'e [[Nederlannen]] in bondel mei sprekwurden útjûn ûnder de [[titel (opskrift)|titel]] ''Proverbia Communia'' ("Algemiene Sprekwurden"). By elts sprekwurd wie de [[Latyn]]ske [[oersetting]] tafoege foar it learen fan it Latyn, dat doedestiden de [[taal]] fan 'e [[wittenskip]] wie. De earste [[printinge]] fan 'e ''Adagia'' fan [[Erasmus]], wêryn't dyselde Latynske en [[Gryksk]]e sprekwurden fan útlis foarseach, datearret út [[1500]]. De bekendste sprekwurden wurde ek yn gewoane [[wurdboek]]en opnommen. Dêrby wurde se yn 'e regel [[alfabet]]isearre ûnder it earste [[haadwurd]] of [[tiidwurd]] yn it sprekwurd.