Filmdistribúsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
'''Filmdistribúsje''' is alles dat te krijen hat mei it beskikber meitsjen fan [[film]]s om besjoen te wurden troch it [[publyk]]. Dat proses is de taak fan in [[filmdistributeur]], in [[bedriuw]] dat him dêr spesifyk op taleit. Filmdistributeurs kinne selsstannige bedriuwen wêze, dy't spesjaal foar it distribuëarjen fan films oprjochte binne, mar it binne ek faak ôfdielings fan grutte [[filmstudio's]], dy't de [[distribúsje (ferdieling)|distribúsje]] fan harren eigen films (en faak ek fan 'e films fan oare, lytsere studio's) fersoargje. In filmdistributeur stelt foar eltse film in aparte [[marketing]]strategy op, dy't bestiet út [[filmpromoasje]] en it eigentlike distribúsjeproses.
 
De filmpromoasje omfettet [[reklamespotsje]]s, [[reklameposter]]s en oare uterings fan reklame yn 'e [[iepenbiere romte]], [[trailer]]s dy't oan oare films taheakke wurde, [[fraachpetear]]en oer de nije film mei de [[akteur]]s dy't de [[haadrol]] spile hawwe, it fêststellen fan in gaadlike [[datum]] foar de [[premiêre]], it organisearjen fan dy premiêre en it útnûgjen fan 'e [[media]] dêrfoar, ensfh. De eigentlike distribúsje wurdt dien troch eksimplaren fan 'e film te fersprieden nei [[bioskopen]] dêr't de film fertoand wurde sil. Letter folget it útbringen fan 'e film op [[dvd]] en [[blu-ray]] en as [[video-on-demand]] en [[download]] oer it [[ynternet]], en it ferkeapjen fan 'e útstjoerrjochten oan [[tillefyzjestjoerder]]s.