Alice yn Wûnderlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 40:
[[Ofbyld:Alice par John Tenniel 25.png|thumb|left|250px|In yllústraasje út 'e earste útjefte fan [[1865]], troch [[John Tenniel|sir John Tenniel]], fan Alice oan 'e tee mei de Maartske Hazze, de Gekke Huoddemakker en de [[sânslieper]].]]
{{Plotbedjer}}
Alice har holle docht sa'n sear dat se gûle moat, en har triennen binne sa grut dat se de seal splis sette. Nei't se troch it oppakken fan in [[waaier]] wer krompen is, swimt se yn har eigen triennen om en moetet dêrby in grut tal ûnderskate bisten dy't allegear fuortspield binne troch it opkommend sâlt wetter. As se úteinlik de wetterkant berikke, is de fraach hoe't se wer opdrûgje kinne. In [[mûs (bist)|mûs]] jout in hiel drûge lêzing oer [[Willem de Feroverder]], mar dat helpt net bot. In [[dodo]] stelt út om in hurddraafwedstryd te hâlden wêrby't se allegearre yn in rûntsje drave sadat der nimmen winne kin. Alice jaget úteinlik ûnbedoeld de bisten fuort troch te fertellen oer har (net mear as trochsneed gefaarlike) [[kat]].
 
Eefkes letter komt de Wite Knyn wer foarby. As hja foar him, om't er har oansjocht foar syn tsjinstfaam, de wanten fan 'e hartoginne út 'e hûs helje sil, groeit se by ûngelok wer grutter, oant der in kliber bisten komt dy't har mei stiennen bekûgelet. De stiennen feroarje yn koekjes as se har reitsje, en as se dy opyt, krimpt se wer. Dêrop moetet se in blauwe [[rûp]] dy't op in [[poddestoel]] in [[wetterpiip]] sit te smoken. Dy riedt har oan om stikjes fan beskate dielen fan 'e poddestoel ôf te brekken en te bewarjen, mei't it opiten dêrfan har groeie en krimpe litte kin.