Lindisfarne: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 11:
It ''Holy Island of Lindisfarne'' wie in wichtich sintrum fan it [[Keltysk kristendom]] ûnder de hilligen Aidan fan Lindisfarne, Cuthbert, Eadfrith fan Lindisfarne en Eadberht fan Lindisfarne.
 
It [[kleaster]], ''Lindisfarne Priory'', waard om [[635]] stichte troch de Ierske [[muonts]] [[Aidan fan Lindisfarne]], dy't fan it eilân [[Iona (eilân)|Iona]] kaam. It kaam yn de 7e iuw ta bloei, mar op 8 juny [[793]] ferskynde in lytse float [[Wytsingen]] (nei alle gedachten út [[Denemarken]] wei) foar it kleastereilân en yn in koart skoft tiid waard de abdij leechrôve. Dy net earder sa meimakke en grouwelige oanfal op in kleastermienskip sûnder ferwar feroarsake in skok yn kristlik Europa. It kleaster waard noch ferskate kearen oanfallen yn de 9e iuw. Underwilens wie sawat hiel Europa deabenaud de foar de [[Noarmannen]]. Yn [[875]] flechten de muontsen mei it lichem fan de hillige Sint Cuthbert nei it fêstelân, dêr't se it hjoeddeiske [[Durham (Ingelân)|Durham]] stichten. Yn [[1093]] waard mei it oerbliuwende materiaal fan it kleaster in benediktine-abdij boud, dêr't no noch in ruïne fan oerbleaun is.
 
== Gebouwen ==