Rotaasjeparse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 5:
Rotaasjeparsen kinne wurkje mei it [[heechdruk]], [[djipdruk]], [[flakdruk]], [[seefdryk]] en sels kombinaasjes fan dy techniken (hybride parsen).
 
De rotaasjeparse waard om 1850 hinne stal jûn. Oant dy tiid moasten boeken it fel fan 16 [[side]]nblêdsiden printe wurde. As in fel klear wie, moast de masine iepenmakke wurde om in nij fel ûnder de parse te lizzen. De izeren masines wurken wol flotter, dat is wier, mar it bleau in bewurklik proses.
 
Yn de rotaasjeparse wurdt mei silinders wurke, mei rôlen papier yn stee fan fellen. In rotaasjeparse is dus in rap draaiende drukmasine foar massaproduksje; kranten en tydskriften kinne flot yn in grutte oplage makke wurde. De oplages fan it printwurk binne sawat ûnbeheind. Foarhinne wiene boeken mei in oplage 500 eksimplaren gebrûklik. Sels de earste printinge fan de ''[[Camera Obscura (ferhalen)|Camera Obscura]]'' telde net mear.