Hoarndieren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 41:
| beskriuwer, jier = Flower, 1883
}}
De '''hoarndieren''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Pecora'') foarmje in [[tuskenskift]] fan 'e [[klasse (taksonomy)|klasse]] fan 'e [[sûchdieren]] (''Mammalia''), it [[skift]] fan 'e [[evenhoevigen]] (''Artiodactyla'') en it [[ûnderskift]] fan 'e [[wjerkôgers]] (''Ruminantia''). Dizze [[taksonomy]]ske groep omfettet û.m. de [[kobisten]], [[skiep en geiten]], [[harteftigen|harten]], [[antilopen]] en [[sjiraffen]]. Dizze bisten hawwe gemien dat se [[hoef|hoeven]] mei twa [[hoef|kleien]] hawwe, dat se har [[fretten]] [[wjerkôgjen|wjerkôgje]] en dat se hurde útgroeisels fan [[keratine]] op 'e [[kop]] hawwe, dy't [[hoarn (lichemsdiel)|hoarnen]] neamd wurde. Lykwols hawwe by guon [[soarte]]n allinnich de mantsjes hoarnen, en boppedat binne saakkundigen it deroer iens dat hoarngroei net in skaaimerk is dat weromgiet op ien inkele [[foarâlder]], mar dat it him op teminsten twa ferskillende punten yn 'e [[evolúsje]] fan dizze bisten ûntjûn hat. Hoewol't de taksonomyske ienheid fan 'e hoarndieren as ûnderskift fêststiet, binne de krekt ûnderlinge relaasjes tusken de [[famylje (taksonomy)|famyljes]] fan 'e hoarndieren noch net alhiel dúdlik.
 
==Klassifikaasje==