Gepiden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 9:
De polityk fan de Gepiden jout in goed foarbyld fan de machtsferhâldings út dy tiid. Nei de delgong fan Attila op de Katelaunyske fjilden waarden de Gepiden in wichtige partij yn it ferdriuwen fan de Hunnen. Tegearre mei [[Ostrogoaten]] fersloegen sy ûnder lieding fan harren kening [[Ardarik]] de Hunnen yn [[454]] oan de rivier de [[slach oan de Nadao|Nadao]], earne yn [[Pannoanje]]. As tank waarden sy opnommen yn it [[Romeinske Ryk]] mar lykwols soenen sy troch [[Diderik de Grutte]] wer ferdreaun wurde út harren wengebiet ([[504]]).
 
Noch gjin tsiental jierren letter waarden de Gepiden sawat alhiel útrûge troch oanfallen fan de side fan it [[Byzantynske Ryk|Byzantinen]] en [[Jeraziatyske Avaren|Avaren]] en yn [[565]] wie sprake dat de Gepiden as folk ferneatige wienen troch [[Langobarden]]. Op dat stuit wie [[Kunimond]] kening fan de Gepiden.
 
Yn [[600]] makke in Byzantynske generaal noch melding fan inkele lytse delsettings bewenne troch Gepiden en yn [[626]] hawwe Gepiden noch meidien oan de oanfal fan de Avaren op [[Konstantinopel]].