Bernard Smilde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Vysotsky (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 27:
Fan jongs ôf oan waard hy mei de muzyk grutbrocht, hy studearre fan 1961 oant 1964 oan it "Stedelijk Muzieklyceum Groningen" by [[Clemens-Christoph von Gleich|C.J. von Gleich]] en Fr. van Eeden. Yn 1965 waard dy stúdzje ôfsletten mei it steatseksamen Muzykskiednis B. Yn 1979 die er syn doktoraaleksamen [[Teology]] oan de [[Ryksuniversiteit Grins]] mei as byfak Muzykwittenskip by dr. [[Paul op de Coul|P. op de Coul]]. Smilde promovearre yn 1986 oan de Teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins ta doktor yn de Teology.
 
Smilde wie dûmny yn [[Achlum]] ([[1949]]-[[1953]]), [[Garyp]] ([[1953]]-[[1958]]), [[Grootegast]] ([[1958]]-[[1964]]), [[De Gordyk]] (1964-[[1967]]) en [[Burgum]]. Hy wurke sûnttiids yn Ljouwert as redaksjesekretaris fan de [[Stifting Yntertsjerklike Kommisje foar de Nije Fryske Bibeloersetting]]. Hy wurke ek as [[oersetter]] mei oan 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] ([[1966]]-[[1978]]), wêrby't er de boeken ''[[Numeri]]'', ''[[1 en 2 Kroniken]]'', ''[[Jesaja (bibelboek)|Jesaja]]'', ''[[Jeremia (bibelboek)|Jesaja]]'', ''[[Ezechiël (bibelboek)|Ezechiël]]'', ''[[Hoséa (bibelboek)|Hoséa]]'', ''[[Joël (bibelboek)|Joël]]'', ''[[Amos (bibelboek)|Amos]]'', ''[[Obadja (bibelboek)|Obadja]]'', ''[[Jona (bibelboek)|Jona]]'', ''[[Micha (bibelboek)|Obadja]]'', ''[[Nahum (bibelboek)|Nahum]]'', ''[[Habakuk (bibelboek)|Habakuk]]'', ''[[Sefanja (bibelboek)|Sefanja]]'', ''[[Haggai (bibelboek)|Haggai]]'', ''[[Sacharja (bibelboek)|Sacharja]]'' en ''[[Maleächy (bibelboek)|Maleächy]]'' fertaalde. Sûnt dosearret [[1965]] er oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert.
Mei yngong fan 1 jannewaris 1975 waard er beneamd ta koördinaasjesekretaris by it Nederlânsk Bibelgenoatskip foar de oersetting fan de bibel yn ienfâldich Nederlânsk. Smilde ublisearre artikels (foar ûnder oare it [[Frysk Deiblêd]], preken en sette 65 psalmen en 140 gesangen oer foar it Frysk Lieteboek foar de Tsjerken (1975). Ek komponearre er koarwurken, kantates en lieten.
 
Rigel 34:
Begjin 2012 ferskynde by de [[KFFB]] it boek ''It jier bylâns''. It boek is in bondel preken foar ûnder oare advint, [[Krysttiid]] en [[Peaske]]. Yn dat selde jier waard Smilde 90 jier. Jan Breimer en dr. Jan Dirk Wassenaar, dy't in soad mei him gearwurke hawwe, woene Smilde dêrom yn it sintsje sette. Dat diene se mei it boek ''Dr. Bernard Smilde: tûzenpoat en trochsetter''. It boek kaam út ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy en waard útjûn by de Protestanse Pers/Uitgeversgroep [[Jongbloed]] Hearrenfean. Yn dy mânske bondel steane fyftjin bydragen fan skriuwers oer ûnderwerpen dy't Smilde by de ein hân hat. ''It jier bylâns'' en ''Dr. Bernard Smilde: tûzenpoat en trochsetter'' waarden op sneon 28 jannewaris 2012 presintearre yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert.
 
Op 30 augustus stoar Smilde yn syn wenplak Ljouwert.
 
== Wurk ==