Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 14:
 
==Ynhâld==
Yn 'e ''Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip'', dy't swier op it bibelboek ''[[Jeremia (bibelboek)|Jeremia]]'' stipet, kriget de profeet Jeremia fan [[God]] de opdracht om te profetearjen fan syn oansteande fûnis oer it keninkryk [[Juda (keninkryk)|Juda]], om't de Judeeërs har ta oare goaden rjochte hawwe. Jeremia lêst dêrop kening [[Sedekía fan Juda|Sedekía]] it leksum (haadstik 1-4), mar wurdt nei in konfrontaasje mei de falske profeet [[Chananja (profeet)|Chananja]] yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] smiten (h. 5). De [[Etioopje|Etiopyske]] paleis[[eunúch]] [[Ebed-Mêlek]] (neamd yn ''Jeremia'' 38:7-13) wit him wer frij te krijen (h. 6), mar Jeremia wurdt fannijs troch God opdroegen om 'e kening it mannewaar op te sizzen, en bedarret wer yn it tichthûs (h. 7-11). Ebed-Mêlek komt op 'e nij te help en rêdt Jeremia foar de twadde kear út 'e finzenis (h. 12), mar de kening en it folk fan Juda bliuwe by har sûndich libben, dat God sprekt it fûnis oer har út (h. 12-15).
 
De [[aartsingel]] [[Michael (aartsingel)|Michael]] besiket de [[Babyloanyske Ryk|Babyloanyske]] kening [[Nebûkadnêzer II]], en bepraat him om tsjin Juda fanwegen te kommen (h. 16-21). Ebed-Mêlek falt yn 'e sliep wylst er yn 'e tún is (h. 22). [[Jeruzalim]] wurdt ynnommen en kening Sedekía en it Judeeske folk wurde finzen nommen en tramtearre (h. 23-26). God docht Jeremia te witten dat it folk [[ferballing]] besparre bliuwe sil as er mank de Judeeërs ek mar ien oprjocht man fine kin, mar dat slagget him net (h. 27-28). Dêrop wurdt it folk yn ballingskip fuortfierd nei [[Mesopotaamje]] ta, dêr't Sedekía nei fjirtich jier komt te ferstjerren (h. 29-31). Ek Nebûkadnêzer stjert, en yn syn plak komt de [[Perzen|Pers]] [[Syrus de Grutte]] op 'e troan, wylst [[Ezra (preester)|Ezra]] as lieder fan 'e Joaden oansteld wurdt (h. 32-35). Nei godlik yngripen wurde de Joaden befrijd út har ballingskip (h. 36-37). Ebed-Mêlek wurdt wekker út in sliep dy't santich jier duorre hat, om mei te meitsjen hoe't Jeremia weromkeart nei Jeruzalim (h. 38-40). It boek einiget as Jeremia de [[Timpel fan Jeruzalim|Timpel]] yngiet en in [[tankoffer]] oan God bringt (h. 41).