Winston Churchill: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
Sir Winston Leonard Spencer Churchill is berne yn Blenheim Palace yn [[Oxfordshire]] op [[30 novimber]] [[1874]]. Hy wie de soan fan Lord Randolph Churchill en Jeanette Jerome. Hy wie in muolik bern en wie fan jongs ôf oan al ynteressearre yn kriich. Yn [[1891]] wurdt Churchill in kavalerykadet op Sandhurst. Yn [[1896]] hat er tsjinne yn Britsk [[Yndia]].
 
Churchill hie noch in twadde passy yn syn libben en dat wie skriuwen. Hy skreau yn [[1898]] syn earste boek en jout dêr yn krityk op de legerlieding. Datselde jier mocht er oan de slach as ferslachjouwer by de [[slach fan Omdoerman]], mei generaal [[Horatio Kitchener|Kitchener]]. Mar mei útbrekken fan de [[Twadde Boere Frijheidsoarloch]] yn [[Súd-Afrika]] is hy troch de [[Morning Post]] as ferslachjouwer nei Súd-Afrika stjoerd. Dêr is hy troch de boeren yn [[Natal (koloanje)|Natal]] finzen naam, mar koe ûntkomme. Doe't hy yn [[1900]] nei Ingelân werom gie liet er him kieze as konservatyf lid fan it legerhûs. Yn 1904 rûn hy oer nei de liberale partij. Dat die er omdat hy it net iens wie mei de plannen fan [[Neville Chamberlain]]. Tusken [[1905]] en [[1910]] wie hy ûnderminister fan koloanjes en minister fan hannel en binnenlânske saken.
 
Yn [[1911]] waard hy haad fan de fleat. Hy begûn daliks mei de opbou fan de Britske fleat. Mar yn de [[Earste Wrâldkriich]] makke hy in fout. Hy woe in lâning dwaan by [[Gallipoly]] yn [[Turkije]]. Hy tocht dat dit maklik koe mar dêr hat er him op fersjoen. De lâning mislearre en in soad Britske soldaten fûnen dêr de dea. Churchill moast ôftrede. Dit wurdt wol sjoen as syn grutste djiptepunt yn de syn karriêre.
Rigel 19:
Churchill is yn [[1953]] ta [[ridder]] slein. Yn 1955 is hy fanwege âlderdom ôftreden. Mar hy hat oant 1964 lid fan it [[legerhûs]] west. Koart dêrnei is hy op [[24 jannewaris]] [[1965]] ferstoarn. By it te hof bringen kaam alle wurdearring foar syn dieden nei foaren. Hy krige in steatsbegraffenis.
 
Churchill hat yn 1953 de [[Nobelpriis foar de Literatuer]] krigen.
 
== Literatuer ==