Israel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 35:
De earste weach fan Joaden nei Israel wie yn 1882, de twadde tusken 1904 en 1914. Yn it jier 1907 wurdt de stêd [[Tel Aviv]] stifte, de earste moderne stêd fan Israel.
 
Troch de oerwinning fan de Britten yn de [[Earste Wrâldkriich]] komt it [[Osmaanske Ryk|Osmanyske]] bewâld yn Israel oan de ein. Fan it Folkenbûn krijt Grut-Brittanje yn [[1922]] it [[Mandaat foar Palestina]] dêr't yn stiet dat it foar Joaden mooglik wêze moat om har nei wenjen te setten yn Palestina. Yn itselde mandaat stiet ek omskreaun dat de net-Joadske ynwenners gjin striebreed yn 'e wei lein wurde mei. Yn july 1922 partsje de Britten Palestina yn twa bestjoerlike ienheden. De Joaden mochten har inkeld oan de westkant fan de [[Jordaan (rivier)|Jordaan]] nei wenjen sette, likernôch 22% fan Palestina.
 
Op [[29 novimber]] [[1947]] komme de [[Feriene Naasjes]] oerien dat Palestina yn in Joadske en Arabyske steat skieden wurdt. Mei it doel om ta in ûnôfhinklike Joadske steat foar oerlibbenden fan de [[Holocaust]] te kommen, stimme de Joaden foar it plan. De Arabyske befolking yn palestina en dy fan de Arabyske lannen binne tsjin it foarnimmen fan de Feriene Naasjes. It Britske Mandaat foar Palestina wie op [[14 maaie]] [[1948]] ôfrûn. Om fjouwer oere middeis kaam de Joadske Nasjonaalried gear yn it Stêdsmuseum fan Tel Aviv foar de ûnôfhinklikensferklearring fan de steat Israel. Alve minuten letter erkenden de [[Feriene Steaten]] de nije steat, de [[Sowjetuny]] erkende Israel op [[16 maaie]].