Provisional Irish Republican Army: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Coalisland.jpg|thumb|250px|Muorreskildering fan de PIRA]]
[[File:IRA Flag Ireland.jpg|thumb|Stipe foar de PIRA op in lantearnepeal yn Noard-Ierlân]]
De '''Provisional Irish Republican Army''' ('''IRA''' of '''PIRA''') wie in Iersk republikeinske paramilitêre organisaasje dy't as doel it ôfskieden fan [[Noard-Ierlân]] fan [[Grut-Brittanje]] en it stichtsjen fan in feriene [[Ierlân]] hie. It wie de grutste republikeinske organisaasje dy't aktyf wie ûnder de ''Troubles'', de perioade fan ekstreem geweld yn [[Noard-Ierlân]]. De PIRA seach him as de opfolger fan de orizjinele [[Iersk Republikeinsk Leger|IRA]], dy't aktyf wie yn de Ierske ûnôfhinklikheidskriich fan 1921-22; dêrom brûkte de organisaasje faak de ienfâldige namme '''Irish Republican Army''', of yn it [[Iersk]] ''Óglaigh na hÉireann''. De organisaasje wurdt sawol yn Grut-Brittanje as [[Ierlân]] as in [[Terrorisme|terroristyske]] organisaasje sjoen.
 
De PIRA ûntstie yn desimber 1969, nei in brek mei de orizjinele IRA. Yn 't jier derfoar begoannen de Troubles nei't boargerrjochtedemonstraasjes fan katolike nasjonalisten oanfallen waarden troch protestantske loyalisten. Yn it begjin rjochte de organisaasje him op it ferdedigjen fan de nasjonalistyske gebieten yn Noard-Ierlân tsjin oanfallen fan de loyalisten; fanôf 1971 soe de militêre kampanje fan de PIRA in offensiver karakter krije. Troch geweld tsjin Britske militêre en ekonomyske doelen yn de provinsje woe de PIRA it Britsk regear twinge har wêrom te lûken út Ierlân. De organisaasje brûkte yn it [[guerilja]]taktiken tsjin it Britske leger en de ''[[Royal Ulster Constabulary]]'' (RUC, de Noard-Ierske plysje), yn sawol de stêden as lanlike gebieten.