Opfieding: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L formulearring wat liniger
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
 
Rigel 1:
'''Opfieding''' is in proses wêrby't in persoan (meastal in [[bern (persoan)|bern]]) oantrune en ûnderstipe wurdt ta [[minsklik lichem|lichaamlike]], [[emoasje|emosjonele]], [[maatskippij|sosjale]], [[jild|finansjele]] en [[yntellekt]]uële ûntwikkeling, mei as eindoel syn of har selsstannigens as folweardich lid fan in [[kultuer]] en [[maatskippij]]. By bern wurdt de opfieding ek wol it '''grutbringen''' of '''opbringen''' neamd en omfiemet it ek algemiene fersoarging troch it bieden fan [[iten]] en [[drinken]], [[klean]] en [[ûnderdak]]. It grutbringen wurdt ornaris dien troch de [[âlden]], en duorret fan 'e [[berte]] ôf oant de [[folwoeksenens]] berikt is, yn 'e regel rûchwei achttjin [[jier]].
 
As it goed is, wurdt it bern yn dy perioade foarme nei de algemien jildende [[noarmen en wearden]] fan syn of har [[kultuer]], en [[sosjalisaasje|sosjalisearre]] sadat hy of sy produktyf mei oare leden fan 'e maatskippij fan dy kultuer omgean kin. It krekte aard fan 'e opfieding ferskilt lykwols fan kultuer ta kultuer, en dêrnjonken besteane der binnen ien kultuer ek grutte ferskillen as men [[skiednis|histoaryske tiidrekken]] mei-inoar ferliket, om't de [[filosofy fan de opfieding]] troch de [[iuw]]en hinne oanhâldend bleatsteld west hat oan feroaring. De [[wittenskip]]sdissipline dy't him dwaande hâldt mei de stúdzje fan opfieding hjit [[opfiedkunde]] of [[pedagogyk]].