Geslachtsmienskip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
Rigel 1:
[[File:Penis Insertion 5.jpg |right|thumb|180px|Genitale geslachtsmienskip tusken in [[man (sekse)|man]] en in [[frou]].]]
'''Geslachtsmienskip''' of '''seks''' is it ynbringen fan it [[man (sekse)|manlike]] [[geslachtsorgaan]], de [[penis]] yn [[ereksje]], yn it [[frou]]like geslachtsorgaan, de [[fagina]], omreden fan [[seksueel geniet]], [[fuortplanting]] of beide. In manlike sekspartner wurdt ornaris oantsjut as in '''minner''', en in froulikenien as in '''minneresse'''. Dat binne ferbûgings fan 'minne', in âld [[wurd]] foar '[[leafde]]'. Geslachtsmienskip is de ultime foarm fan [[lichaamlike yntimiteit]] en wurdt tusken twa (of mear) persoanen yn 'e regel ferrjochte om sawol [[minsklik lichem|lichaamlik]] as [[emoasje|emosjoneel]] [[geniet]]. Dit proses draacht gauris yn wichtige mjitte by oan it [[sosjale bining|foarmjen fan bannen tusken minsken]]. Mei [[masturbaasje]] is geslachtsmienskip de meast foarkommende seksuële aktiviteit ûnder [[minske]]n. Meastal duorret geslachtsmienskip mar in stikmannich [[minút|minuten]] en it [[orgasme]] dat dertroch berikt wurdt in oantal [[sekonde]]n.
 
Geslachtsmienskip stiet ek wol bekend as '''faginale seks''', ta ûnderskie fan [[orale seks]] (wêrby't de penis yn 'e [[mûle]] ynbrocht wurdt) en [[anale seks]] (wêrby't de penis yn 'e [[anus]] ynbrocht wurdt). Ek sprekt men wol fan '''genitale mienskip''' of '''genitale seks''' (seks troch gebrûk fan 'e [[geslachtsdielen]]) yn tsjinstelling ta [[anogenitale mienskip]] (seks wêrby't in geslachtsdiel kontakt makket mei de anus). Oare soarten [[seksuële penetraasje|penetrative seks]] wêrby't de fagina in rol spilet, binne [[fingerjen]] (wêrby't ien of mear [[finger]]s yn 'e fagina ynbrocht wurde), [[kunnilingus]] (in foarm fan orale seks wêrby't mooglik de [[tonge]] yn 'e fagina ynbrocht wurdt), [[dûbele penetraasje]] (wêrby't faginale seks kombinearre wurdt mei anale seks) en it gebrûk fan [[seksboartersguod]], yn 't bysûnder fan in [[dildo]] of keunstpenis.