Ferskil tusken ferzjes fan "Geslachtsmienskip"

(Bs)
Geslachtsmienskip kin yn ferskate hâldings plakfine. Sokke hâldings wurde [[seksposysje|posysjes]] of 'stantsjes' neamd. De wenstichste dêrfan is de saneamde [[misjonarisposysje]], wêrby't de frou mei de [[skonk]]en wiid spraat en omheech holden ûnder de man leit. Dit wurdt ornaris ûnderfûn as ien fan 'e noflikste en oangenaamste 'stantsjes' om't de sekspartners hjirby mei de [[gesicht]]en nei inoar ta lizze, sadat se inoar ûnder de geslachtsmienskip oansjen en [[tút]]sje kinne. De namme 'misjonarishâlding' (mei de ferwizing nei in [[misjonaris]]) komt nei alle gedachten om't dizze seksposysje de iennichste is dy't troch de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] goedkard wurdt, om't it, yn 'e wrâldbeskôging fan dy [[tsjerke]], de natuerlike rangoarder binnen it [[gesin]] oanjout, mei de man boppe-oan en de frou ûnderop.
 
By farianten fan 'e misjonarishâlding kinne de gesichten ek njonken inoar holden wurde (wêrby't de partners inoar yn 'e [[nekke]] [[hymjen|hymje]]), en de frou kin har skonken ek plat dellizze yn it ferlingde fan har [[lichem]], of de [[foet (lichemsdiel)|fuotten]] efter de [[rêch]] fan 'e man byinoar bringe, of (as se dêrta linigernôch is) har fuotten nei har [[skouder]]s ta bringe. Foar sawol de man as de frou kinne ferskillende hâldings fan 'e skonken fan 'e frou in ferskillend [[gefoel]] feroarsaakje. Sa hat it sterker bûgen fan 'e [[heup]]en ta gefolch dat de penis djipper yn 'e fagina binnenkringe kin, wêrmei't mooglikerwize it [[G-plak]] sterker stimulearre wurdt. Oft dat noflik is of net, hinget fan persoanlike foarkar en de [[anatomy]]ske skaaimerken fan 'e partners ôf.
[[File:Coition_of_a_Hemisected_Man_and_Woman.jpg|right|thumb|180px|In trochsneed fan in [[man (sekse)|man]] en [[frou]] dy't geslachtsferkear hawwe, troch [[Leonardo da Vinci]].]]
 
14.188

bewurkings