Admiraal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Nl-marine-vloot-admiraal.svg|150px|thumb|right|De rangûnderskie-dingstekens fan in [[Nederlân]]sk admiraal ([[rang]] formeel ôfskaft yn [[1956]]).]]
In '''admiraal''' is in [[opperofsier]] fan hege [[militêre rang|rang]] yn 'e nasjonale [[kriichsmacht]] fan in soad [[lân|lannen]]. Dizze rang komt foar by de [[marine]]; de ekwivalinte rang by de [[lânmacht]], de [[militêre plysje|maresjesee]] en de [[mariniers]] is [[generaal]], en by de [[loftmacht]] [[generaal]] of [[opperloftmaarskalk]]. Yn 'e [[Nederlân]]ske kriichsmacht is rang fan admiraal (eins fan oarsprong [[admiraal-generaal]], dat "algemien admiraal" betsjut) yn ûnbrûk rekke en ferfongen troch [[luitenant-admiraal]]. Yn 'e measte kriichsmachten dy't de rang fan admiraal hawwe, is it mei-iens ek de heechste marinerang, hoewol't guon in noch hegere rang kenne, lykas [[grutadmiraal]] of [[admiraal fan de float]]. It wurd 'admiraal' is in [[lienwurd]] út it [[Arabysk]], en is ôflaat fan ''amir al-bahr'', dat letterlik 'kommandant-op-see' betsjut.
 
As de term 'admiraal' sûnder fierdere tafoeging brûkt wurdt, giet it om wat wol oantsjut wurdt as in 'fjouwerstjerre-admiraal', dy't sa neamd wurdt om't de rangûnderskiedingstekens faak fjouwer stjerren omfetsje. Behalven de al neamde [[luitenant-admiraal]], in typysk Nederlânske rang dy't ekwivalint is oan in 'folle' admiraal yn bûtenlânske marines, besteane der noch trije legere gradaasjes fan admiraals: [[fise-generaal]] (trije stjerren), [[skout-by-nacht]] (2 stjerren) en [[kommandeur (rang)|kommandeur]] (1 stjer). Yn guon marines komt fierders ek noch in ekstra gradaasje foar, de [[flottylje-admiraal]], dy't tusken skout-by-nacht en de kommandeur yn stiet. Admiraals, luitenant-admiraals en fise-admiraals wurde oansprutsen mei "admiraal", wylst skouten-by-nacht oansprutsen wurde mei "skout-by-nacht" en kommandeurs mei "kommandeur". It skip fan in admiraal wurdt it [[flaggeskip]] fan in [[float]] neamd.