Kaptein (skipfeart): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
In '''kaptein''' is in [[seeman]] dy't oan board fan syn [[skip]] de heechstpleatste persoan is, en sadwaande as [[gesachfierder]] fungearret. De term 'kaptein' komt fan it [[Gryksk]]e wurd κατεπάνω, ''katepánō'', dat letterlik "heechstpleatste" betsjut, en dat in rang wie yn it leger fan it [[Byzantynske Ryk]]. In kaptein is de einferantwurdlike foar alles dat op in skip bart. Hy fiert it befel oer de oare opfarrenden (de [[bemanning]]) en leit rekkenskip ôf oan 'e [[rederij]] en by de autoriteiten. Ek kin it foarkomme dat de kaptein de eigner fan it skip is; yn dat gefal is der dus gjin sprake fan in rederij.
 
Om't 'kaptein' in [[militêre rang|rang]] is en 'gesachfierder' in funksje, binne dy beide termen net [[synonym]]. As de kaptein bygelyks [[sykte|siik]] is of as er fan board giet wylst it skip yn 'e [[haven]] leit, dan draacht er it gesach oer oan 'e twadde yn rang, de [[earste stjoerman]]. De term 'kaptein' wurdt benammen brûkt by de [[skipfeart]] op [[see]]. By skippen yn 'e [[binnenfeart]] sprekt men ornaris fan [[skipper (berop)|skipper]], al wurdt ek dêr, begelyks op [[passazjiersskip]]pen, wol fan in kaptein sprutsen. As der yn 'e binnenfeart sprake is fan kontinufeart, sille der ferskate skippers of kapteins oan board wêze, wêrfan't op elts beskaat stuit mar ien de gesachfierder is. Op [[seeskip]]pen is der normaal sprutsen mar ien kaptein, dy't by rêst ferfongen wurdt troch de [[earste stjoerman|earste]] of [[twadde stjoerman]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=