Slachtoffer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 4:
De oarspronklike, yn ûnbrûk rekke betsjutting fan it [[wurd]] 'slachtoffer' ferwiist nei in [[offerdier]] of in [[minske-offer]], dat deade wurdt yn it ramt fan in [[offerritueel]] foar in [[godheid]]. Dêrfandinne ek it wurddiel 'slacht-', dat nei [[slachtsjen]] ferwiist. It [[tiidwurd]] 'slachtofferje' betsjut dat men immen opofferet (ta slachtoffer makket) foar in heger belang. It [[Ingelsk]]e wurd foar 'slachtoffer' is ''victim''. De tûke fan 'e [[psychology]] dy't [[wittenskiplik ûndersyk]] docht nei slachtoffers en slachtofferskip hjit de [[fiktimology]]. It ferskynsel dat nei in, faak [[geweld]]diedich, misdriuw it slachtoffer de skuld jûn wurdt (bgl. as men nei in ferkrêfting seit dat it slachtoffer dan ek mar net yn sa'n koart rokje omrinne moatten hie), hjit [[victim blaming]].
 
Yn it [[Nederlânsk]]e [[strafrjocht]] is it slachtoffer de beneidielde: dejinge dy't ferklearret skea oprûn te hawwe troch in misdriuw. Oarspronklik wiene sokke lju gjin partij yn it [[proses (rjochtspraak)|strafproses]]. Sûnt it begjin fan 'e [[ienentweintichste iuw]] is de [[wet]]like posysje fan it slachtoffer lykwols fuortsterke. Sa hawwe slachtoffers fan earnstige misdriuwen (of yn gefallen fan moard harren [[djipdrôven]]) sûnt [[2005]] it rjocht om ûnder der [[rjochtsaak]] tsjin 'e persoan(en) dy't derfan [[fertochte|fertocht]] wurdt (of wurde) de dieder(s) te wêzen, in [[slachtofferferklearring]] ôf te lizzen, wêryn't se fertelle hokker ynfloed it misdriuw op harren [[libben]] hân hat en/of noch hat. Ek binne sûnt likernôch [[2015]] it [[Iepenbier Ministearje]] en de [[plysje]] ferplichte om 'e slachtoffers (of harren djipdrôven) fan 'e fuortgong en it resultaat fan it ûndersyk en de [[strafferfolging]] op 'e hichte te hâlden.
 
Slachtoffers kinne harren ek mei in [[sivyl rjocht|sivile foardering]] by in strafsaak jaan, wêrby't se, ûnder guon betingsten, sels gjin [[abbekaat]] yn hoege te hieren. Fierders kinne slachtoffers in [[útkearing]] krije út it [[Skeafûns Geweldsmisdriuwen]]. [[Psychology|Psychyske]] help is foarhâns troch it [[Slachtofferhelp|Buro Slachtofferhelp]], dêr't se mei yn kontakt brocht wurde nei't se [[oanjefte]] fan in misdriuw dien hawwe by de plysje. Dy ynstânsje begeliedt lykwols ek slachtoffers fan slimme ûngelokken en rampen.