Slachtoffer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:The_British_Army_in_North-west_Europe_1944-45_BU3097.jpg|right|thumb|230px|[[Ruslân|Russyske]] [[slavernij|slave-arbeidsters]] yn [[nazy-Dútslân]] wurde befrijd út in [[kelder]] dy't troch in [[Dútslân|Dútske]] [[plysjeman]] yn 'e [[brân]] stutsen is, [[Osnabrück]], [[7 april]] [[1945]].]]
In '''slachtoffer''' is in [[persoan]] dy't in skokkend barren bûten de wenstige [[minsklik]]e [[ûnderfining]] belibbe hat, en dêrby [[psychology|psychysk]] kwetst, [[minsklik lichem|lichaamlik]] [[ferwûne]] of [[dea]] rekke is, der [[jild|finansjeel]] troch beneidiele is of der [[tsjûge (rjocht)|tsjûge]] fan west hat. Salang't in slachtoffer sa'n barren oerlibbet, wurdt de ynfloed dy't de ûnderfining op him of har hat benammen bepaald troch syn of har eigen belibbing. Dêrby giet it yn alle gefallen om normale minsklike reäksjes op in abnormaal foarfal. It barren dêr't it slachtoffer-wêzen troch feroarsake wurdt, kin sawol in [[natoerramp]] wêze, dêr't nimmen [[skuld]] oan hat, as in [[ûngelok (aksidint)|ûngelok]], dêr't mooglik ek nimmen skuld oan hat of dat sûnder erch of by fersin feroarsake is, as in [[misdriuw]], dat it slachtoffer mei opsetsin troch in dieder oandien is. By misdriuwen kin it bgl. gean om [[dieverij]], [[ynbraak]], [[mishanneling]], [[seksuële oantaasting]], [[ferkrêfting]] of [[moard]].
 
De oarspronklike, yn ûnbrûk rekke betsjutting fan it [[wurd]] 'slachtoffer' ferwiist nei in [[offerdier]] of in [[minske-offer]], dat deade wurdt yn it ramt fan in [[offerritueel]] foar in [[godheid]]. Dêrfandinne ek it wurddiel 'slacht-', dat nei [[slachtsjen]] ferwiist. It [[tiidwurd]] 'slachtofferje' betsjut dat men immen opofferet (ta slachtoffer makket) foar in heger belang. It [[Ingelsk]]e wurd foar 'slachtoffer' is ''victim''. De tûke fan 'e [[psychology]] dy't [[wittenskiplik ûndersyk]] docht nei slachtoffers en slachtofferskip hjit de [[fiktimology]]. It ferskynsel dat nei in, faak [[geweld]]diedich, misdriuw it slachtoffer de skuld jûn wurdt (bgl. as men nei in ferkrêfting seit dat it slachtoffer dan ek mar net yn sa'n koart rokje omrinne moatten hie), hjit [[victim blaming]].