Robrecht I fan Flaanderen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 31:
 
==Striid mei Richilde om Flaanderen==
Nei it ferstjerren fan Baldwyn kaam it ta spul tusken de grevinne-widdo [[Richelda fan Henegouwen]] en har beide soannen Arnulf en Baldwyn. De famyljefete, mei as ynset it [[Greefskip Flaanderen]], soe einigje yn de [[Slach by Kassel (1071)|Slach by Kassel]] op [[22 febrewaris]] [[1071]]. Robrecht de Fries wûn en Arnulf III sneuvele. Richelda en har soan Baldwyn moasten harren nei it ferliezen fan de slach tefreden stelle mei it Greefskip Henegouwen.
 
Mar Arnulf III wie al erkend as Greve fan Flaanderen troch syn lienhear de Frânkse kening Filips I en hy hie stipe krigen fan Willem de Oermasterer, dy’t tuskentiids kening fan Ingelân wurden wie. De dea fan Arnulf soarge derfoar dat Robrecht net botte populêr waard by de Frânske keningen en ek net by de [[Paus]].