Ferskil tusken ferzjes fan "Posttraumatysk stress-syndroom"

bs
(kt)
(bs)
 
{{Disclaimer medyske side}}
[[File:A mask, painted by a Marine who attends art therapy to relieve post-traumatic stress disorder symptoms, USMC-120503-M-9426J-001.jpg|right|thumb|170px|In masker beskildere troch in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] âld-[[marinier]] mei PTSS yn it ramt fan syn terapy]]
'''Posttraumatysk stress-syndroom''' of '''posttraumatyske stress-steuring''' ('''PTSS'''), ek wol bekend ûnder [[Ingelsk]]e ôfkoarting '''PTSD''' (fan ''posttraumatic stress disorder'') is in [[geastlike steuring]] dy't him by de [[minske]] ûntjaan kin nei't men bleatsteld is oan in [[trauma (psychysk letsel)|trauma]]tysk foarfal of in rige traumatyske foarfallen, lykas [[ferkrêfting]] of oare foarmen fan [[seksueel misbrûk]], in gewelddiedige [[dieverij|berôving]] of [[mishanneling]], [[oarloch]]fiering, in slim [[ferkear]]sûngemak of in útslaande [[brân]]. PTSS of soartgelikense geastlike steurings waarden al dokumintearre troch de [[Aldheid|âlde]] [[Griken]]. In spesifike foarm fan PTSS is [[shellshock]], dat foarkomt by [[militêr]]en dy't lange tiid ûnder fjoer lein hawwe. Yn it ferline waard dat net erkend as [[sykte]] en waarden lju dy't deroan litten sjoen as simulanten of lefferts. Under de [[Earste Wrâldoarloch]] waarden in protte shellshockte soldaten [[deastraf|eksekutearre]] as [[ferrie|lânferrieders]]. De term 'posttraumatyske stress-steuring' kaam yn 'e [[1970]]-er yn gebrûk doe't grutte oantallen [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] feteranen út 'e [[Fjetnamoarloch]] mei dizze [[krupsje]] oanhelle rekken. Pas yn [[1980]] waard PTSS as in echte oandwaning erkend.
 
Mooglike symptomen fan PTSS binne: ûntrêstigjende gedachten, gefoelens of [[dream]]en dy't yn ferbân steane mei it trochmakke foarfal; geastlike en/of lichaamlike swierrichheden dy't har foardogge by dingen dy't jin it trauma wer tebinnenbringe; it bewust of ûnbewust mijen fan dingen dy't jin it trauma wer tebinnenbringe; gebrek oan konsintraasjefermogen; strukturele feroarings yn tinkpatroanen; in gruttere agresje; en in gruttere [[seksualiteit|seksuële opwining]]. Om fan PTSS sprekke te kinnen moatte sokke symptomen langer oanhâlde as in moanne nei it traumatyske foarfal. By [[bern (persoan)|bern]] iepenbierje har sokke symptomen minder troch hâlden en dragen, mar mear yn it boartsjen. Persoanen dy't oan PTSS lije, rinne in folle heger risiko om [[selsmoard]] te dwaan as sûne minsken.
13.910

bewurkings