Searjemoardner: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 11:
 
==Skiednis==
Histoarysk [[kriminology|kriminologen]] binne fan betinken dat it ferskynsel 'searjemoardner' fan alle tiden is, mar dat yn it ferline spesifike saken mar selden goed dokumintearre waarden. Se hawwe ek suggerearre dat de [[leginde]]n oer boppenatuerlike [[meunster (mytysk wêzen)|meunsters]], lykas [[wearwolf|wearwolven]] en [[fampier]]en, ynjûn waarden troch de dieden en/of de oantins oan miskende searjemoardners. It ierst bekende gefal fan in searjemoardner die him yn 144 f.Kr. yn [[Sina]] foar, doe't [[Liu Pengli]], in folle [[neef (famylje)|neef]] fan [[keizer]] [[Jing fan Sina|Jing]], ta [[prins]] fan [[Jidong]] ferheft waard. Neffens de Sineeske [[histoarikus]] [[Sima Qian]] ([[145 f.Kr.|145]]-[[86 f.Kr.]]) teach Liu der mei guon fan syn [[slavernij|slaven]] of mei [[bandyt|banditen]] op út om willekeurige boargers te fermoardzjen en harren besittings te stellen. Hoewol't dat rûnom bekend wie, doarst net ien it oan 'e keizer te melden oant 23 jier letter, doe't ûntdutsen waard Liu ûnderwilens teminsten al 100 minsken ombrocht hie. Om't er in neef fan 'e keizer wie, waard Liu lykwols net [[deastraf|eksekutearre]], mar fan syn [[adel|aadlike status]] ûntdien en [[ballingskip|ferballe]].
 
Yn 'e [[fyftjinde iuw]] makke de [[Frankryk|Frânske]] [[ealman]] [[Gilles fan Rais]], in eardere striidmaat fan [[Jeanne d'Arc]], him skuldich oan 'e [[ferkrêfting]] fan en [[moard]] op [[bern (persoan)|bern]] fan sljochtwei [[boer]]en, foar it meastepart jonges, dy't er [[ûntfiering|ûntfierde]] út 'e [[doarp]]en yn 'e omkriten fan syn [[kastiel]]. Der wurdt rûsd dat Rais tusken de 140 en 800 slachtoffers makke hat. De [[Hongarije|Hongaarske]] [[ealfrouwe]] [[Elizabeth Báthory]], byneamd de Bloedgrevinne, fierde in soartgelikens skrikbewâld en moat wol 650 famkes en jonge froulju [[marteling|deamartele]] hawwe foar't se yn [[1610]] [[arrestaasje|arrestearre]] waard en fanwegen har aadlike titel net de [[deastraf]] krige, mar foar de rest fan har libben yn [[iensume opsluting]] [[finzenisstraf|finzen]] holden waard.