Lava: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 5:
In lavastream is in bewegende hoemannichte lava dy't yn 'e foarm fan in [[beek]]je of by grutte útbarstings in [[rivier]] berchôf streamt ûnder in net-eksplosive [[effusive útbarsting]]. (By [[eksplosive útbarsting]]s komme inkeld [[fulkanyske jiske]] en fêste stienfragminten, oftewol [[tefra]], frij.) Sadree't it ophâldt mei streamen, begjint lava te [[stjurjen]]. Sadwaande wurdt it in [[stjurringsstiente]] neamd. Hoewol't de [[fiskositeit]] fan lava oant 100.000 kear sjerperiger wêze kin as [[wetter]], kin it dochs grutte ôfstannen streame ear't it genôch ôfkuolle is en begjint te stjurjen. By effusive útbarstings ûnder de [[see]]spegel komt ek lava frij, mar dat wurdt dêr troch it omjaande seewetter folle gauwer ôfkuolle as dat op lân bard. As der hûnderttûzenen jierren efterinoar ûnderseeske fulkaanútbarstings op itselde plak foarfalle, kin der stadichoan in [[fulkanysk eilân]] ûntstean, sa't bygelyks it gefal is by de [[Hawaï-eilannen]] en de [[Kanaryske Eilannen]].
 
Lava komt yn ferskate foarmen foar, wat feroarsake wurdt troch de [[gemy]]ske en [[mineraal|mineralogyske]] gearstalling fan it magma, de faasje fan 'e útfloeiïng en de [[temperatuer]]. Alle soarten lava kuolje lykwols ôf ta stiente mei in tige poreuze struktuer, lykas [[obsidiaan]], [[tufstien]] of [[púmstien]]. Lava kin in ferwuostgjende wurking hawwe, mar hat tagelyk ek in skeppende foarm. Sa wurdt troch lavastreamen oan 'e kust faak nij lân foarme en boppedat is ôfkuolle lava, alteast nei ferskate iuwen fan [[eroazje|ferwaring]], tige fruchtber en gaadlik as [[lânbou]]grûn. Dêrfandinne dat har yn it ferline eltse kear nei in ferwuostgjende fulkaanútbarsting wer op 'e nij [[boer]]en yn 'e gefaresône fêstigen, sa't bgl. by de [[fulkaan|fulkanen]] de [[Fesuvius]] en de [[Etna (fulkaan)|Etna]] it gefal wie.
 
{{boarnen|boarnefernijing=