Trilogy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''trilogy''', fan it [[Gryksk]]e τρι-, ''tri-'' ("trije"), en -λογία, ''-logia'' ("ferhanneling" of "betooch"), is in [[searje]]rige fan trije wurken op it mêd fan 'e [[skiene keunsten]], dy't mei-inoar ferbûn binne en sjoen wurde kinne as ien inkeld lang wurk of as trije losse mar nau besibbe wurken. Soms wurdt dit wurd [[ferbastering|ferbastere]] ta de [[kontaminaasje]] 'triology', wat in net-besteand wurd is. Trilogyen komme benammen foar yn 'e [[literatuer]], op it mêd fan 'e [[film]] en ek wol oangeande [[fideospultsje]]s. Yn 'e [[skilderkeunst]] sprekt men yn 'e regel net fan in trilogy, mar fan in [[trijelûk]]. Soms wurdt ek yn 'e [[klassike muzyk]] wol sprutsen fan in trilogy. Analooch oan in trilogy wurdt in searje fan twa wurken wol in [[duology]] neamd, ien fan fjouwer wurken in [[tetralogy]], ien fan fiif wurken in [[pentalogy]], ien fan seis wurken in [[heksalogy]] en ien fan sân wurken in [[heptalogy]].
 
Yn 'e [[literatuer]] komme trilogyen frij algemien foar as trijedielige [[romansearje]]s, mar se binne benammen wiidferspraat yn 'e [[literatuer|literêre sjenres]] fan 'e [[fantasy (sjenre)|fantasy]] en [[science fiction]]. Ien fan 'e bekendste literêre trilogyen is ''[[The Lord of the Rings]]'', fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] fantasy-[[skriuwer]] [[J.R.R. Tolkien]], dat útinoar falt yn 'e trije dielen ''[[The Fellowship of the Ring]]'', ''[[The Two Towers]]'' en ''[[The Return of the King]]''. Tolkien hie syn [[magnum opus]] trouwens yn 'e foarm fan ien lang wurk publisearje wollen, mar syn [[útjouwerij|útjouwer]] [[Allen & Unwin]] oertsjûge him derfan dat it oangeande [[ferkeap]] ferstanniger en oangeande [[jild|kosten]] foardieliger wie om it boek yn trijen te spjalten. Lykwols hold Tolkien oan syn [[dea]] ta fol dat de ''The Lord of the Rings'' gjin trilogy wie (wylst it wol deeglik oan 'e definysje foldocht fan in wurk dat yn trije dielen útjûn is).