Romansearje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
In '''romansearje''' of '''romanrige''' is in [[searjeboekesearje]] fan [[roman]]s of [[novelle]]s dy't byinoar hearre, soms oanfolle mei [[koarte ferhalen]]. Yn 'e regel giet it dêrby om romans dy't deselde [[haadpersoan|haadpersoan(en)]] hawwe of ek wol oer romans dy't deselde [[setting (fiksje)|setting]] of [[gronology|tiidline]] diele. Meastal wurde romansearjes skreaun troch ien en deselde [[auteur]], mar it komt ek foar dat ferskillende skriuwers gearwurkje oan ien rige, dy't dan wol publisearre wurdt troch ien inkele [[útjouwerij]]. Romansearjes komme in protte foar yn [[sjenrefiksje]], lykas [[detektiveferhaal|detektive]]s, [[science fiction]], [[fantasy (sjenre)|fantasy]] of [[western (sjenre)|westerns]], en teffens op it mêd fan [[berneboek]]en.
 
It kin wêze dat in romanrige ien lang ferfolchferhaal foarmet, wêrby't de ûnderskate romans beslist yn ien beskate folchoarder lêzen wurde moatte, om't men in stik fan it ferhaal mist as men in diel oerslacht, en der neat fan begrypt as men midden yn 'e searje begjint mei lêzen. Searjes fan dat soarte binne bgl. ''[[The Sharing Knife]]'' fan [[Lois McMaster Bujold]], de [[Foreigner-searje|''Foreigner''-searje]] fan [[C.J. Cherryh]] en de ''[[Harry Potter]]''-rige fan [[J.K. Rowling]]. It komt lykwols ek in protte foar dat de ôfsûnderlike dielen fan in romansearje fierhinne op harsels steane en los faninoar of yn in willekeurige folchoarder lêzen wurde kinne, om't der mar komselden nei eardere foarfallen ferwiisd wurdt en de personaazjes frijwol gjin [[karakterûntwikkeling]] trochmeitsje. Foarbylden fan sokke searjes binne de ''Miss Marple''-detektiveromans fan [[Agatha Christie]] en de berneboeken fan ''[[De Kameleon]]''-searje, fan [[H. de Roos]]. Guon searjes sitte wat tusken dy beide ekstremen yn, mei't der wol karakterûntwikkeling plakfynt en der ferwizings nei eardere ferhalen opnommen binne, dy't lykwols net steurend wurkje en de útkomst fan eardere ferhalen net ferklappe (behalven dan fansels it feit dat de haadpersoan dy aventoeren oerlibbe hat). Soksoarte searjes binne bgl. de [[Vorkosigan-kroniken|''Vorkosigan''-kroniken]], fan [[Lois McMaster Bujold]], en de [[Mercy Thompson-searje|''Mercy Thompson'']]- en [[Alpha and Omega-searje|''Alpha and Omega''-searje]]s fan [[Patricia Briggs]].