Lillian Stewart Carl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 25:
 
==Libben==
Carl waard yn [[1949]] berne as Lillian Stewart yn [[Columbia (Missoury)|Columbia]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Missoury (steat)|Missoury]], dêr't se har iere jonkheid trochbrocht en dêr't ek se de legere en [[middelskoalle]] trochrûn. Nei't se mei har âldelju nei [[Ohio]] ta ferhuze wie, kaam se op 'e ''Upper Arlington High School'' yn [[Upper Arlington (Ohio)|Upper Arlington]], in noardwestlike foarstêd fan [[Kolumbus (Ohio)|Kolumbus]], de haadstêd fan Ohio, dêr't se har hertsfreondinne [[Lois McMaster Bujold]] mette. Carl wist al ier dat se skriuwster wurde woe; de hiele middelbere skoalle troch wurke hja mei Bujold gear oan 'e ûntwikkeling alderlei lange ferhaallinen, dêr't se mar lytse stikjes fan útwurken, al monopolisearren se der faak de typmasine en de bânrekorder fan Bujold har geduldige heit foar. Nei't se yn [[1967]] de middelbere skoalle ôfrûne hie, gie se nei in universiteit yn [[Teksas]]. Se wie fan doel om [[skiednis]] te studearjen, mar helle úteinlik in bachelorstitel yn [[ûnderwiiskunde]].
 
Nei har studintetiid sette Carl har nei wenjen yn noardlik Teksas en wurke se as yngenieursassistinte, bibletekaresse, krantekollemniste en universitêr skiednisdosinte. Ek mette se [[geofysika|geofysikus]] Paul Carl, mei wa't se troude. Underwilens gie se troch mei skriuwen, earst poer út aardichheid, letter foar fanmagazines. Yn [[1982]] publisearre se har earste (betelle) koarte ferhaal, ''The Borders of Sabazel'', yn 'e ferhalebondel ''Amazons II'', by [[útjouwerij]] ''[[DAW Books]]''. Sawol sysels as Lois McMaster Bujold wolle hawwe dat sûnder Carl har oantrún en help Bujold har karriêre as skriuwster nea wat wurden wêze soe. Uteinlik soe Bujold, dy't ien fan 'e bekendste science fiction- en fantasyskriuwsters fan 'e wrâld wurden is, har kammeraatske fier foarbystribje. Bujold droech út tank har twadde boek, ''[[The Warrior's Apprentice]]'', oan Carl op, en Carl skreau yn [[2008]] tegearre mei [[John Helfers]] foar útjouwerij ''[[Baen Books]]'' ''The Vorkosigan Companion'', in boek dat de lêzer de helpende hân biedt om him/har paadwiis te meitsjen yn 'e wrâld fan Miles Vorkosigan, de haadpersoan fan Bujold har rige de [[Vorkosigan-kroniken|''Vorkosigan''-kroniken]]. Mei de ''The Vorkosigan Companion'' sleepte Carl yn [[2009]] in nominaasje foar in ''[[Hugo Award]]'' yn 'e wacht yn 'e kategory bêste oanbesibbe wurk. Behalven mei Lois McMaster Bujold is Carl ek tige befreone mei har kollega [[Patricia Wrede]].