Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 96:
* ''Kristus'' komt troch it Latyn fan it Grykske ''Χριστός'' (''Christos''), dat de oersetting fan ''Messias'' (salvling) is. Dat is de titel dy't it measte brûkt wurdt yn de [[Brieven yn it Nije Testamint]]
* Sa no en dan wurdt Jezus de ''Soan fan God'' neamd.
* Yn de [[prolooch (foarspul)|prolooch]] fan it [[Evangeelje fan Jehannes]] wurdt Jezus foarsteld as ''Logos'', it Wurd, dêr't tagelyk de skeppingskrêft fan God mei bedoeld wurdt: "Yn it begjin wie it Wurd der; it Wurd wie by God.(...)En it Wurd is minske wurden en Hy hat by ús wenne".
* Troch [[Jehannes de Doper]] wurdt Jezus it ''Laam fan God'' neamd. Mei de titel "Laam fan God" wurdt ferwiisd nei it Pesach-laam.
* It Alde Testamint, benammen it boek [[Jesaja (bibelboek)|Jesaja]], befettet ferskate teksten dêr't kristenen fan tinke dat se nei Jezus ferwize. Dêryn wurdt er "tsjinner fan de HEAR" neamd. Ek wurde der yn it Alde Testamint de berte, it berteplak ([[Betlehem]]), en komôf (stamme fan [[Juda (stamme)|Juda]], laach fan [[David fan Israel|David]]) fan de Messias foarsein.