Hobbit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
Tolkien miende dat er it [[wurd]] 'hobbit' útfûn hie as in spekulative ôflieding fan 'e [[Aldingelsk]]e term ''holbytla'' ("[[hoale]]bouwer"), mar jierren nei syn [[ferstjerren]] kaam oan it ljocht dat it wurd al foàr Tolkien bestie, sij it mei in oare betsjutting. It konsept fan 'de hobbit' wie lykwols wol deeglik in eigen betinksel fan Tolkien, dat er foar in part gearstalde út eleminten út it berneboek ''The Marvellous Land of Snergs'' ([[1927]]), fan [[Edward Wyke Smith]], en de [[roman]] ''Babbitt'' ([[1922]]) fan [[Sinclair Lewis]].
 
Yn 'e [[prolooch (foarspul)|prolooch]] fan ''The Lord of the Rings'' skreau Tolkien yn 'e seksje mei as [[titel (namme)|titel]] ''Oer Hobbits'', dat soksoarte wêzens tige op [[minske]]n lykje, mar dat se mar heal sa lang fan stal binne, trochinoar sa'n 1.07 m, mei [[foet (lichemsdiel)|fuotten]] dy't bûtenproporsjoneel grut binne. Hja [[klean|klaaie]] har yn felle [[kleur]]en, benammen [[giel]] en [[grien]], en geane bleatsfoets. Se binne skruten foar oare wêzens oer en ferskreppe har net. It measte hâlde se fan dingen dy't se al kenne en dêrom bejouwe se har mar komselden bûten fertroude fermiddens.
 
Lykwols binne se, as it nypt en wedernypt, by steat ta dieden fan grutte [[moed]]. Se hawwe skerpe [[ear (lichemsdiel)|earen]] en binne wetterfluch, sadat se in minske fan fierrens oankommen hearre kinne en al lang in sideplak opsocht hawwe as sa'n minske foarby komt. Neffens Tolkien is dat de reden dat se nea sjoen wurde. In oare eigenskip fan hobbits is harren skerpe [[gesichtsfermogen]], dat makket dat se mei treflike akkuratens in [[stien]] of klute smite kinne. Hobbits libje yn [[wente]]n dy't yn [[heuvel]]skeanten yn 'e [[grûn]] útgroeven binne (saneamde 'smiellen') en hawwen in trochsneed libbensferwachting fan hûndert jier.