Regel fan Benediktus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 6:
 
==Ynhâld==
De Regel fan Benediktus bestiet út in [[prolooch (foarspul)|prolooch]] en 73 haadstikken. De haadstikken 1-3 lizze it grûnwurk foar it libben yn in [[kleaster]], yn it foarste plak de hearrigens yn de sin fan it goede en opmerksum harkjen. Yn de haadstikken 4-7 besprekt Benediktus de [[deugd]]en dêr't muontsen harren oan te foldwaan hiene, benammen [[hearrigens]], [[earmoede]] en [[keinens]]. Yn harren [[kleastergeloften]] ûnthjitte leauwigen harren trou oan dy deugden. Dêrnei komme yn de haadstikken 8 oant en mei 20 foarskriften foar de [[liturgy]], it ''opus Dei'', "it oan God haachlike wurk" oan de oarder.<br/>
De term ''opus Dei'' is ek de namme fan de hjoeddeiske tsjerklike ynstelling [[Opus Dei]], dêrfan't de leden gjin kleasterlibben liede. It bestraffen fan it oertrêdzjen fan de foarskriften foarmet de ynhâld fan de haadstikken 21 oant en mei 30. Dêrnei besprekt Benediktus yn de haadstikken 31-57 praktyske saken lykas it behear fan de kleaster, taken fan de muontsen, de soarch foar de muontsen en foar harren gasten. Yn de haadstikken 58 oant en mei 66 komt it opnimmen en de posysje fan de [[novise]]n, de oarder yn de kleastermienskip en de kar foar [[abt]] en [[prior]] oan de oarder. Yn de haadstikken 67 oant en mei 72 wurdt de omgong fan muontsen ûnder inoar besprutsen. It lêste haadstik is in [[epilooch]].