Suëven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stavering
→‎Skiednis: Publius Kornelius Tasitus
Rigel 4:
 
==Skiednis==
De Sueben emigrearden nei it tsjintwurdige [[Dútslân]] en bleaunen dêr earst yn it noarden by de [[Elbe]]. Al gauris lutsen sy nei it suden ta. Neffens de Romeinske skiedkundige [[Publius Kornelius Tasitus|Tasitus]] dienen de Semnoanen en Langobarden mei oan de striid fan [[Ariovistus]] tsjin [[Julius Caesar]] yn ([[58 f. Kr.]]).
 
Yn de [[4e ieu]] waarden de Sueben troch de [[Hunnen]] ferdreaun en foelen sy yn [[406]], nei it beheljen fan de oerwinning yn de [[Slach by Mainz]], it [[Romeinske Ryk]] binnen. Tegearre mei de [[Fandalen]] lutsen sy troch [[Galje]] hinne, rjochting [[Spanje]] en kamen dêr oan yn [[409]]. Under lieding fan kening [[Hermerik]] († [[438]]) stiften sy in eigen ryk yn de Romeinske provinsje [[Gallaecia]] yn Spanje. Hjir gongen de Sueben foar in grut part oer op it [[kristendom|Arianisme]], in kristlik leauwen.