Hûd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 3:
 
==Funksjes==
De hûd is it diel fan it lichem dat omgiet mei de bûtenwrâld en de earste ferdigening foarmet tsjin saken as kjeld, waarmte, [[befriezing]], [[útdrûging]], sykten en [[patogeen|patogenen]], [[sinne]]ljocht ([[ultrafiolette strieling]]), ensfh. Dêrnjonken hat it ek in [[sintúch]]like funksje as [[taastsin|taastorgaan]]. [[Neil]]en en [[hier (begroeiïng)|hier]], beide besteande út [[hoarnstof]] of keratine, groeie út 'e hûd, en fierders omfiemet de hûd [[switklier]]en en [[talkklier]]en.
 
Troch ferwaring kin 'e hûd úteinlik syn elastisiteit ferlieze, wat [[ronfel]]s feroarsaket. As [[wûne]]n tichtgroeie, komt der op dat plak gauris in [[groede]] of bliuwende skansearring yn 'e hûd te sitten. De hûd is net op alle plakken like tsjûk. Fral op dielen fan it lichem dêr't in soad wriuwing plakfynt, lykas de [[soal (lichemsdiel)|fuotsoallen]], [[knibbel]]s, [[earmtakke]]n, [[hânpalm]]en en [[finger]]seinen wurdt de hûd tsjûker troch it opheapjen fan lagen deade hûd, of [[yl]]. Op sokke plakken kin de minsklike hûd wol 4 mm tsjûk wêze, wylst it op it tinste plak, op 'e [[eachlid]]den, mar ½ mm tsjûk is.