Rjochtsaak: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
In '''rjochtsaak''', '''pleit''' of '''proses''' is de behanneling fan in [[skeel]] tusken twa of mear partijen troch in [[rjochtbank]] of in [[gerjochtshôf]]. De partijen kinne dêrby sawol [[natuerlike persoan]]en wêze (d.w.s. [[minske]]n) as [[rjochtspersoan]]en ([[rjocht|juridyske]] konstruksjes dy't troch minsken oandreaun wurde, lykas [[feriening]]s, [[stifting]]s, [[bedriuw]]en of de [[steat]]). Benammen yn it [[strafrjocht]] wurdt de partij dy't earne fan beskuldige wurdt, de '''beklage''' neamd, wylst de oare partij it [[Iepenbier Ministearje]] (of de iepenbier oanklager) is, fertsjintwurdige troch in [[ofsier fan justysje]]. It gehiel oan wet- en regeljouwing dat foarskriuwt hoe't rjochtsaken fierd wurde moattte en wêr't se oan foldwaan moatte, wurdt it [[prosesrjocht]] neamd.
 
Yn it [[Nederlân]]ske rjochtssysteem docht ien [[rjochter]] of in panel fan rjochters in útspraak yn in rjochtsaak; sa'n útspraak wurdt yn it [[sivyl rjocht]] en it [[strafrjocht]] it [[fûnis]] neamd. In protte oare lannen hawwe in [[sjueryrjochtspraak|sjuerysysteem]], wêrby't beskate priveeboargers ynlotte en oproppen wurde om plak te nimmen yn in panel fan yn 'e regel in stik as tolve persoanen. Dizze [[sjuery]], dy't yn namme bestiet út de gelikensen fan 'e beklage, docht dan in útspraak, dy't de rjochter neitiid ornaris bekrêftiget mei in fûnis. Yn guon lannen en/of yn guon gefallen is it lykwols mooglik dat de rjochter de útspraak fan 'e sjuery njonken him delleit as dy neffens him net oerienkomt mei de [[wet]]. Soks komt lykwols mar tige selden foar.
 
Nei in skriftlike tarieding wêryn't de partijen offisjele dokuminten útwikselje kinne dy't betrekking hawwe op 'e rjochtsaak, folget de eigentlike [[rjochtsitting]], wêrby't de partijen inoar moetsje yn oanwêzichheid fan 'e [[rjochter]]. Sa'n rjochtsitting fynt yn 'e [[rjochtseal]] plak. Bûten it strafrjocht is it mooglik dat der foarôfgeande oan in rjochtsitting noch in oare moeting plakfynt yn 'e foarm fan in [[mediation]] of in [[konfliktbemiddeling|bemiddeling]]. Ek is it mooglik dat in rjochter daliks útspraak docht, sûnder dat der in rjochtsitting holden wurdt. Dat kin bygelyks aa daliks al dúdlik is dat der oan beskate formele easken foar in proses net foldien is, as der saneamde [[foarmflater]]s makke binne.