Superheld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L + sjoch ek
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
In faak foarkommend skaaimerk fan in superheld is dat er in dûbellibben liedt, wêrby't er yn syn deistich bestean in ûnopfallende persoanlikheid hat, wylst er him as bestrider fan 'e [[misdie]] ferklaait yn in pakje fan [[lykra]] of in oar straksittend materiaal dêr't syn [[spier]]en troch te sjen binne. Teffens draacht er yn syn heldefoarm yn 'e regel in [[masker]], sadat syn identiteit foar it omsteand laach geheim bliuwt. Superhelden nimme it yn 'e regel op tsjin [[supersmjunt]]en, rike en tige súksesfolle misdiedigers dy't net selden út binne op 'e oerhearsking fan 'e hiele wrâld en dêrta snoade plannen smeie yn in ferburgen haadkertier.
 
Foarbylden fan superhelden út stripferhalen binne [[Superman]], [[Batman]], [[Spider-Man]], [[Captain America]], [[Wolverine (superheld)|Wolverine]], de [[Green Lantern]], de [[Hulk (superheld)|Hulk]], de [[Flash (superheld)|Flash]], [[Iron Man]], ensfh. De bekendste superheldinne is [[Wonder Woman (personaazje)|Wonder Woman]]. Personaazjes dy't net út stripferhalen ôfkomstich binne, mar dochs sterk beskate karakteristiken fan superhelden fertoane, binne bygelyks [[Zorro (personaazje)|Zorro]], [[Tarzan]] en [[Conan de Barbaar]].
 
==Sjoch ek==