Ferskil tusken ferzjes fan "Hel"

20 bytes grutter ,  11 moannen lyn
bs
(bs)
(bs)
 
[[File:019Visita al infierno.jpg|right|thumb|250px|''Besyk oan de Hel'', fan 'e [[Meksiko|Meksikaanske]] [[keunstskilder]] [[Mauricio García Vega]].]]
{{Oar|de hel yn 'e sin fan it hjirneimels|Hel (betsjuttingsside)}}
De '''hel''' is yn it ramt fan [[religy]], [[mytology]] en [[folkloare]] de [[namme]] foar in foarm fan it [[hjirneimels]] dêr't de [[ferstoarn]]en bleatsteld wurde sille oan [[bestraffing]] en [[tramtearring]]. Sa'n plak komt yn in protte religyen foar, hoewol't der meastal in eigen namme foar bestiet, wylst mei 'hel' spesifyk nei de hel fan it [[kristendom]] en mooglik it [[joadendom]] en de [[islaam]] ferwiisd wurdt. Yn 'e measte [[tradysje]]s stiet de 'hel' ûnder it bewâld fan in [[god fan de dea]], lykas [[Hades (god)|Hades]] yn 'e [[Grykske mytology]] of [[Pluto (god)|Pluto]] yn 'e [[Romeinske mytology]]. Yn it kristendom, it joadendom en de islaam ferfollet de [[duvel]], in fallene [[ingel]], dy funksje.
 
De term 'hel' komt fan it [[Oergermaansk]]e [[wurd]] ''*haljæ'', dat "deaderyk" of "ûnderwrâld" betsjutte. Yn 'e [[Germaanske mytology]] wie [[Hel (goadinne)|Hel]] de keninginne fan 'e [[ûnderwrâld (mytology)|ûnderwrâld]], dy't [[Niflheim]], [[Helheim]] of [[Niflhel]] hiet. Dat wie in plak dêr't yn prinsipe alle ferstoarnen hinne giene, oft dy har by it [[libben]] no goed of tsjoed [[hâlden en dragen|holden en droegen]] hiene. Inkeld dyjingen dy't útkard waarden troch oare [[god|goaden]] ûntkamen oan dit [[lot (foarbeskikking)|lot]].
 
It idee dat de hel in foarm fan [[bestraffing]] is, ûntstie yn it [[Westerske wrâld|Westen]] pas mei de [[abraham (aartsfaar)|abrahamityske religyen]] ([[joadendom]], [[kristendom]] en [[islaam]]). Dêrby kaam men te leauwen dat der nei de [[dea]] in skieding oanbrocht wurde soe tusken lju dy't by har libben goed dien hiene en lju dy't kwea dien hiene. De goeddoggers giene dan nei de [[himel]] ta, mooglik nei't harren ferjoubere [[sûnde]]n yn it [[faaiefjoer]] fuortbaarnd wiene, wylst de kweadoggers foar ivich yn 'e hel kamen. De ivichduorjendheid fan 'e [[ferballing]] fan kweadoggers nei de hel is karakteristyk foar religyen mei in [[skiednisfilosofy|lineêre skiednis]], wylst religyen mei in [[reynkarnaasje|syklyske skiednis]] dy't berêst op it konsept fan [[reynkarnaasje]] de hel almeast as in tydlik plak sjogge.
14.189

bewurkings