Video-on-demand: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
Rigel 5:
Video-on-demandsystemen dy't fia tillefyzje-apparaten wurkje, kinne ynhâld (d.w.s. fideo's) [[streaming media|streame]], itsij troch in tradisjoneel [[keabeltillefyzje|keabelmodem]], itsij fia oare apparaten mei in eigen ynternetferbining, lykas [[kompjûter]]s, [[tabletkompjûter|tablets]] of [[smartphone]]s. Brûkers fan video-on-demand kinne oanhâldend fideo's downloade nei sokke apparaten, mar ek nei [[digitale fideorecorder]]s of [[draachbere mediaspiler]]s, sadat se sûnder ophâlden nei films en/of [[tillefyzjeprogramma's]] sjen kinne. In soad [[keabeltillefyzje]]- en [[mobile tillefoan]]-[[provider]]s biede no video-on-demandtsjinsten oan, wêrby't in brûker in fideo (yn 'e foarm fan in film of tillefyzjeprogramma) útsiket dat fuortendaliks begjint ôf te spyljen of te downloaden nei in apparaat dêr't de brûker it op in letter tiidstip op ôfspylje kin.
 
Troch it ûntstean fan video-on-demandtechnology is [[ynternettillefyzje]] mooglik wurden, dat him yn 'e [[2010-er jierren]] ûntjûn hat ta in almar populêrder [[medium]]. Fia [[app]]s lykas de [[Apple]] [[iCloud]]-[[webshop]] en [[Amazon Prime Video]] kinne fideo's tydlik hierd, of foargoed kocht wurde. Oare video-on-demandtsjinsten oer it ynternet jouwe brûkers tsjin it ôfsluten fan in per [[moanne (tiid)|moanne]] betelle [[abonnemint]] frije tagong ta bondels fan fideo's ynstee fan ta yndividuële films en tillefyzjeprogramma's. Foarbylden fan sokke video-on-demandtsjinsten binne [[Netflix]], [[Hulu]], [[Disney+]] en (yn [[Nederlân]]) [[Videoland]], dy't net inkeld besteande films en tillefyzjeprogramma's oanbiede, mar ek hieltyd mear harren eigen ynhâld oanmeitsje, besteande út films dy't net yn 'e [[bioskopen]] útkomme en [[tillefyzjesearje]]s dy't op gjin inkele oare stjoerder te sjen binne. [[YouTube]], in oare video-on-demandtsjinst dy't operearret fia it ynternet, brûkt gjin abonnemintssysteem, mar wurdt finansierd út [[reklame]]-ynkomsten, wêrby't it meastepart fan it fideo-oanbod troch eltsenien fergees besjoen wurde kin.
 
{{boarnen|boarnefernijing=