Ferfolch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''ferfolch''' is in [[literatuer|literêr wurk]], [[film]], [[toanielstik]], [[tillefyzjeprogramma]], [[muzyk]]stik of [[kompjûterspultsje]] dat fierder giet dêr't in earder wurk opholden is. De term wurdt almeast brûkt yn it ramt fan [[ferhaal|ferheljende]] [[fiksje]], wêrby't in ferfolch pleatst is yn deselde [[fiktive]] wrâld as it eardere wurk, en ornaris [[gronology]]sk folget op dat eardere wurk. Yn it meastepart fan 'e gefallen pakt in ferfolch ferskate [[plot]]eleminten fan it oarspronklike ferhaal op, faak mei deselde [[personaazje]]s en [[dekôr]]s. As der ien inkeld ferfolch makke wurdt, sprekt men yn 'e regel noch net fan in searje, mar in ferfolch kin wol ta it ûntstean fan in searje (of rige) liede as der mear ferfolgen makke wurde. By [[literatuer]] sprekt men dan fan in [[romansearje]] en by [[film]]s fan in [[filmsearje]]. Ek de opinoar folgjende [[ôflevering]]s fan in [[tillefyzjesearje]] kinne as ferfolgen beskôge wurde. As der ferfolgen makke wurde yn ferskate soarten [[medium|
media]], sprekt men net fan in searje, mar fan in [[mediafranchise]].
 
It meitsjen fan ferfolgen is oantreklik foar [[produsintfilmprodusint]]en en [[útjouwer]]s om't der minder risiko mei rûn wurdt. As it [[publyk]] wol oer it oarspronklike wurk mocht, is de kâns grut dat it ek oer it ferfolch meie sil. De [[fan (persoan)|fans]] fan it oarspronklike wurk sille alteast it ferfolch lêze, sjen of spylje wolle. Dat is in grut foardiel boppe it fan nul ôf oan begjinnen mei in hiel nij wurk. Ek komt it foar dat it publyk aktyf freget om in ferfolch. Oan 'e oare kant is it sa dat ferfolgen, benammen as it om films giet, oer it algemien minder goed binne en ek minder wurdearre wurde as it oarspronklike wurk. Ferfolgen hawwe faak in [[titel (namme)|titel]] mei in [[getal]]. Dat is bygelyks it gefal mei de film ''[[Beverly Hills Cop]]'', dy't as ferfolgen ''[[Beverly Hills Cop 2]]'' en ''[[Beverly Hills Cop 3]]'' hat. Ek komt it foar dat der mei [[dûbele punt]]en en tafoechsels wurke wurdt, lykas by ''[[Independence Day (film út 1996)|Independence Day]]'', dat as ferfolch ''[[Independence Day: Resurgence]]'' hat. Ek kin it foarkomme dat sawol fan in getal as fan in dûbele punt plus tafoeging gebrûk makke wurdt, lykas by ''[[Terminator 2: Judgment Day]]'' of ''[[Star Trek VI: The Undiscovered Country]]''.
 
Yn it [[Ingelsk]] binne ferskate [[neologisme]]n betocht om 'e ferskillende soarten ferfolgen te omskriuwen. Dy termen wurde gauris oernommen yn oare [[talen]]. Se wurde benammen brûkt foar films, mar se kinne ek op it mêd fan 'e literatuer brûkt wurde. Sokke termen binne basearre op it Ingelske [[wurd]] foar 'ferfolch': '''sequel''' ([[útspr.]]: ['si:kʷəl], likernôch: "<u>sii</u>-kwul").
* In '''direct sequel''' of direkt ferfolch is in ferfolch dat daliks begjint dêr't de oarspronklike film opholden is. Der kin ek in lyts tuskenskoft tusken de films sitte, salang't yn dy tiidspanne mar neat fan belang foarfallen is.
* In '''legacy sequel''' (letterlik: "neilittenskipsferfolch") is in ferfolch dat yn deselde tiidline, mar fierder by de oarspronklike film wei pleatst is, en bygelyks tsien of tweintich jier letter spilet. Yn dit soarte ferfolch wurde faak nije personaazjes folge, lykas de [[soan]] of [[dochter]] fan 'e [[haadpersoan]] yn 'e oarspronklike film.
* In '''standalone sequel''' of op himsels steand ferfolch is in film dy't yn deselde wrâld of itselde hielal spilet as de oarspronklike film, mar dy't fierder amper in konneksje mei de oarspronklike film hat.
* In '''threequel''' (in gearlûking fan ''three'', "trije", en ''sequel'') is in ferfolch op in ferfolch. Dizze term wurdt net faak brûkt.
* In '''[[prequel]]''' (in gearlûking fan ''pre-'', "foar-", en ''sequel'') is in ferfolch dat [[gronology]]sk foarôfgeande oan 'e oarspronklike film spilet.
* In '''paraquel''' (in gearlûking fan ''parallel'', "parallel", en ''sequel'') is in ferfolch dat gronologysk sjoen tagelyk mei de oarspronklike film spilet.
* In '''midquel''' (in gearlûking fan ''mid-'', "midden", en ''sequel'') is in ferfolch dat gronologysk sjoen tusken oare foarfallen yn plakfynt. Dêrfan binne twa foarmen:
** In '''interquel''' is in ferfolch dat gronologysk sjoen plakfynt tusken twa foarôfgeande films yn. Dus as interquel C in ferfolch is op films A en B, dan is de gronologyske folchoarder fan 'e films: A-C-B.
** In '''intraquel''' is in ferfolch dat gronologysk sjoen spilet tusken twa foarfallen yn, dy't beide plakfine yn deselde foarôfgeande film.
 
{{boarnen|boarnefernijing=